- 2 - De hear Bouma kin him oer de wize fan it behanneljen fan dit ütstel wol yn'e wurden fan de hear Knossen fine. De rie moat him jün mar ta de haadlinen beheine, üt de wittenskip - hy mist dizze yn'e tekst - dat it nei de goedkarring troch de Kroan ek foar de nije rie wol mooglik is de bedragen te ferleegjen mar net te ferheegjen. Sprekker fynt it ütgongspunt fan de trije kolleezjes wol goed, om nei 1 jannewaris yn it hiele gebiet deselde bedragen te hantearjen Ek de ferheging mei 3% is in logyske saak. Tsjin de ütwurking fan guon belestingen hat syn fraksje wol wat betinkingen, benammen it foarse stigen fan it bedrach foar it opheljen fan de hüssmoargens Foar de ynwenners fan Idaarderadiel liicht de ferheging der net om. Krekt foar dat punt hat syn fraksje him yn'e ofrine jierren nochal ynset om de stiging sa leech mooglik te halden. Op dit momint kin men dit slim hifkje. Dan soe men de nije begrutting fan Boornsterhem der by ha moatte. Dêrom giet syn fraksje mei it ütstel akkoart. Yn Boornsterhem kin dan de saak op'en nij bes j oen wurde. Sprekker wol noch opmerke dat it stigen fan it taryf foar de ynwenners fan Idaarderadiel mei hast 24,werombrocht wurde kin, as men de hegere priis, dy't de gemeente oan Ljouwert betel je moat 16,de ton) der oflükt. Sprekker freget werom de priistiging fan Ljouwert foar 100% ynkalkulearre wurde moat en net op'e wize dy't it kolleezje oanjout fan 70% (dekkingspersintaazje)Fierders freget sprekker hoe't it aanst mei it opheljen fan hüssmoargens komt. Binne de kosten by ien apparaat net leger en wurket dat net doelmjittiger De hear De Wolf seit dat it begryp om te stribjen nei gelikense tariven him wol oansprekt. It is in goed ütgongspunt om it totaal bedrach fan de belestingen gelyk te halden. Sprekker mient dat men aanst by de ünreplikguodbelesting der ek nei stribje moat. Wol hat hy wat muoite mei it trochberekenjen fan de ferheging fan 3%. Dit haldt yn feite in soarte ynflaasjekorreksje yn. Der binne hiel wat wurknimmers dy't dy 3% net krije en foar de selsstanniger wurdt it in hiele slimme saak. Mar it sil wol net oars kinne. Wat it priisstigen fan de hüssmoargens oanbelanget is sprekker it dus mei de hear Bouma eft al is de ferheging nei it oflüken fan it ferheegde taryf foar de ferbraningsün yn Ljouwert net sa dramatysk as it liket. De foarsitter andert dat de beste fan de nije gemeente de nedige pine meibringt. De kolleezjes hawwe miend daliks troch de pine hinne bite te moatten troch in unifoarm taryf fêst te stellen foar alle ynwenners. Sprekker is bliid dat de rie hjir efter stiet. It stiet de nije rie frij om de tariven by te stellen. Sprekker mient dat de ofweaging pleats fine moat as it giet om it fêststellen fan it folsleine ynkomstenplaatsje fan de nije gemeente. Oan't no ta ha de kolleezjes gjin ynsjoch hoe't it finansiële plaatsje fan Boornsterhem er aanst komt üt te sjen. It is pynlik dat de ynwenners fan Idaarderadiel aanst sa'n 24,mear betel je moatte foar it opheljen fan'e hüssmoargens. De hear De Wolf hat gelyk wannear hy net gelokkich is mei de stiging van 3%. Der binne in protte wurknimmers dy't yn ynkommen mear as 3% sakje, mar dy ferantwurdlikheid moat aanst yn de gemeente Boornsterhem nommen wurden. Oant safier de algemiene rünte.

Historisch Centrum Leeuwarden

Raadsverslagen Idaarderadeel 1935-1983 | 1983 | | pagina 34