- 2 -
De hear Bouma kin him oer de wize fan it behanneljen fan dit
ütstel wol yn'e wurden fan de hear Knossen fine. De rie moat
him jün mar ta de haadlinen beheine, üt de wittenskip - hy mist
dizze yn'e tekst - dat it nei de goedkarring troch de Kroan ek
foar de nije rie wol mooglik is de bedragen te ferleegjen mar
net te ferheegjen.
Sprekker fynt it ütgongspunt fan de trije kolleezjes wol goed,
om nei 1 jannewaris yn it hiele gebiet deselde bedragen te hantearjen
Ek de ferheging mei 3% is in logyske saak. Tsjin de ütwurking
fan guon belestingen hat syn fraksje wol wat betinkingen, benammen
it foarse stigen fan it bedrach foar it opheljen fan de hüssmoargens
Foar de ynwenners fan Idaarderadiel liicht de ferheging der net
om. Krekt foar dat punt hat syn fraksje him yn'e ofrine jierren
nochal ynset om de stiging sa leech mooglik te halden. Op dit
momint kin men dit slim hifkje.
Dan soe men de nije begrutting fan Boornsterhem der by ha moatte.
Dêrom giet syn fraksje mei it ütstel akkoart. Yn Boornsterhem
kin dan de saak op'en nij bes j oen wurde. Sprekker wol noch opmerke
dat it stigen fan it taryf foar de ynwenners fan Idaarderadiel
mei hast 24,werombrocht wurde kin, as men de hegere priis,
dy't de gemeente oan Ljouwert betel je moat 16,de ton) der
oflükt. Sprekker freget werom de priistiging fan Ljouwert foar
100% ynkalkulearre wurde moat en net op'e wize dy't it kolleezje
oanjout fan 70% (dekkingspersintaazje)Fierders freget sprekker
hoe't it aanst mei it opheljen fan hüssmoargens komt. Binne de
kosten by ien apparaat net leger en wurket dat net doelmjittiger
De hear De Wolf seit dat it begryp om te stribjen nei gelikense
tariven him wol oansprekt. It is in goed ütgongspunt om it totaal
bedrach fan de belestingen gelyk te halden.
Sprekker mient dat men aanst by de ünreplikguodbelesting der ek
nei stribje moat. Wol hat hy wat muoite mei it trochberekenjen
fan de ferheging fan 3%.
Dit haldt yn feite in soarte ynflaasjekorreksje yn. Der binne
hiel wat wurknimmers dy't dy 3% net krije en foar de selsstanniger
wurdt it in hiele slimme saak. Mar it sil wol net oars kinne.
Wat it priisstigen fan de hüssmoargens oanbelanget is sprekker
it dus mei de hear Bouma eft al is de ferheging nei it oflüken
fan it ferheegde taryf foar de ferbraningsün yn Ljouwert net
sa dramatysk as it liket.
De foarsitter andert dat de beste fan de nije gemeente de nedige
pine meibringt.
De kolleezjes hawwe miend daliks troch de pine hinne bite te
moatten troch in unifoarm taryf fêst te stellen foar alle ynwenners.
Sprekker is bliid dat de rie hjir efter stiet. It stiet de nije
rie frij om de tariven by te stellen. Sprekker mient dat de ofweaging
pleats fine moat as it giet om it fêststellen fan it folsleine
ynkomstenplaatsje fan de nije gemeente.
Oan't no ta ha de kolleezjes gjin ynsjoch hoe't it finansiële
plaatsje fan Boornsterhem er aanst komt üt te sjen. It is pynlik
dat de ynwenners fan Idaarderadiel aanst sa'n 24,mear betel je
moatte foar it opheljen fan'e hüssmoargens. De hear De Wolf hat
gelyk wannear hy net gelokkich is mei de stiging van 3%. Der
binne in protte wurknimmers dy't yn ynkommen mear as 3% sakje,
mar dy ferantwurdlikheid moat aanst yn de gemeente Boornsterhem
nommen wurden. Oant safier de algemiene rünte.