- 3 -
Detailbehanneling.
a. Leezjesoardering.
Sünder diskusje en sünder haadlike stimming wurdt kcnfoarm it
ütstel besluten:
b. Offalstoffenheffing.
De foarsitter seit dat de opmerking fan Bouma, dat de hegere
kosten fan de ferbranning fan 30.000,foar 100%trochberekkene
binne en net foar 70% korrekt is. As men dizze ferheging korrekt
trochberekkene hie, dan hie it bedrach 21.000,wêze moatten,
ek al soe it lang om let foar elk perseel net op sa'n heech
bedrag ütkomme. Der is ek gjin rekken halden mei de b.t.w. Om't
de gemeente by de regio Fryslan-Noard oansluten is, hoecht der
gjin b.t.w. betelle te wurden. Mar dy regio stiet op'e tocht,
sadat dit finansieel risiko der yn sit. Der sil noch oerlis
mei Ljouwert wêze mar de kans sit der yn dat oer de twadde helte
fan 1983 noch b.t.w. betelle wurde moat. Mar Bouma hat yn prinsipe
gelyk. It sil op in daalder foar elk perseel ütkomme.
De hear Terpstra fynt it in reden te mear om dan mar by de regio
Fryslan-Noard te bliuwen. Sprekker hat by de foarige begruttingsbe-
hanneling frege nei fergelikingssifers by partikuliere bedriuwen.
Dizze tasizzing, dy't doe dien is, mist hy yn dit ütstel. Doetiids
waard der sein dat yn'e Boarnsterhim-gedachte hjirop werom kommen
wurde soe.
Dit is spitich, mar it kin noch wol ferholpen wurde. Benammen
it bedriuwsoffal moat mei soarchsumens besjoen wurde. Yn guon
gemeenten kin it net privatisearre wurde, yn oare wol. It rint
soms nochal yn'e papieren wat de foardieligens oan giet. Op
it terrein fan de rekréaasje kin in partikulier bedriuw soms
wol ris in tredde part goedkeaper wêze. It is de muoite wurdich
dit ris tige goed te besjen.
De foarsitter seit dat de hear Terpstra der mei rjocht en reden
op wiist dat der al earder oer privatisearring praat is. Sprekker
wit net hoe't it opheljen fan smoargens yn Utingeradiel yn'e
rekréaasjegebieten giet, mar yn de gemeente Idaarderadiel is
it taryf fia de Lege Midden yndied heger as it taryf dat jild
foar de beboude küm. De hegere tariven dy't takom jier foar
Idaarderadiel jilde, binne mei in gefolch fan de hege tariven
yn Utingeradiel. Der moat aanst mar ris sjoen wurde nei bepaalde
kombinaasjes sa as men no benammen yn Idaarderadiel mei Tietjerkste-
radiel hat.
Miskien binne dit soarte kombinaasjes aanst ek mogelyk, sadat
men net yn ien nije gemeente ferskillende minsken mei ferskillende
apparaten oan it wurk hat. Faaks kin it dan goedkeaper. Dat
is dan binnen—gemeentlik. It soe ek kinne dat men it oan it
bedriuwslibben oerlitte kin. Benammen nei de rekréaasje ta soe
dit wol ris goed besjoen wurde kinne. Oars is it wol sa, dat
de nije gemeente fan start giet mei it personiel en it materiaal
dat der no al is. It moat al hiel raar wêze as it goedkeaper
wêze sil om it materiaal mar te ferkeapjen en dêrfoar tredden
yn te setten ofsjoen fan de personiele konsekwinsjes
De hear Bouma hat noch frege oft de nije tsjinst fan de "reiniging"
doelmjittiger arbeidzje kin as no yn de tri je gemeenten it gefal
is. No dogge Utingeradiel en Raarderhim al tegearre. Idaarderadiel
kin der net mear by ha. Men moat no al ris in auto byhiere.
Dit léste hoecht aanst net mear. Mar dat sil wol yn'e hiel lytse
marzjes lizze. Alle materieel en alle minsken wurde foar 100
persint no al ynset. En mear as 100% is net mooglik.