- 4 - De hear Terpstra freget oft hy hjirüt begripe mei, dat de tasizzing om privatisearring te ündersykjen, hjirmei dien is. De foarsitter andert, dat hy dizze tasizzing foar Boarnsterhim net dwaan kin. Persoanlik fynt sprekker it in goede saak, benammen wat de rekréaasjetsjinst oanbelanget, om aanst in ündersyk yn te stellen. Yn 1984 krije we dochs foar de rekréaasje twa tsjinsten. Dit sil dochs besjoen wurde moatte. De hear Knossen wol dit leste graach ünderstreekje De hear Schermer freget oft de sterke stiging fan 30% fan de ferbraningsün yn Ljouwet sa mar kin. Komt dit omt de stêdsferwaar- ming net slagge is, of is it in ütwreiding fan de kapasiteit. De foarsitter seit dat de oansluting doetiids pleatsfün hat tsjin in goedkeap taryf. Der is doe ofpraat dat sadré de folie kapasiteit berikt wie, it kostendekkend taryf yn rekken brocht wurde soe. Oardelheal jier ferlyn is de maksimale kapasiteit al berikt. Men hat doe dit kostendekkend taryf noch even ütsteld om't de OLAF nei ien taryf ta woe. B. en w. fan Ljouwert ha no sein dat se der neat foar fiele om foar Sinterklaas te spyljen no't it taryf fan de OLAF teminsten in jier opskood. Fierders wie der noch de kwestje fan de miljieu-easken. Ljouwert moat by de ün in stojiskeynstallaasje pleatse. Dit wie needsaaklik. De kosten hjirfan wurde ek trochberekkene It iene wat der fan te sizzen is, is dat de gemeente hjirfan neat wist. Mar as de gemeente it al witten hie soe de ütkomst net oars west ha. Mar de stêdsferwaarming spilet hjiryn gjin rol Sunder haadlike stimming wurdt dan konfoarm it ütstel besluten. c. Brêgejilden. Sünder diskusje en sünder haadlike stimming wurdt konform it ütstel besluten. d. Fearjilden. Lykas earder. e. Stegerjilden. Lykas earder. f. Drank- en horecabelesting. Lykas earder. g. Begraafrjochten. Lykas earder. h. Hünebelesting Lykas earder. i. Wenforinzebelesting. Lykas earder j. Toeristebelesting. Lykas earder.

Historisch Centrum Leeuwarden

Raadsverslagen Idaarderadeel 1935-1983 | 1983 | | pagina 38