5. Utstel ta it jaan fan inkelde
strjitnammen yn Grou.
GEMEENTE IDAARDERADEEL
Nr. 2164. 0an de gemeenteried.
Grou, 9 desimber 1983.
Yn'e rin fan de harksitting op 25 oktober 11., oangeapde de rekon-
struksje fan it Halbertsmaplein, waard de suggestje om it part
fan de "Raadhuisstraat", dêr't foarhinne de Waachshaven wie, de
namme fan Waachshaven te jaan.
Dizze haven rün fanüt de Grou yn südlike rjochting mei in ombüging
nei it easten. De skippers en boeren, dy't de büter yn it waachgebou
weagje lieten, koene sa wat oan de waach tafarre, sa't op de tekening,
dy't by de stikken foar jim op besjen leit, oanjün is.
Yn it lest fan de tachtiger jierren waard der yn de ried al praat
oer it dam jen fan de st jonkhaven, sa't de bewenners doe seine.
Yn 1890 is de haven yndied damme. De boeren fierden doe fanof boere-
walshaven mei kroaden de büter oan.
De oanwêzige bewenners fan dit part fan de strjitte gongen daliks
mei de suggestje akkoart. Uskolleezje hat der ek gjin inkeld beswier
tsjin no't it om in histoaryske namme giet.
Fierders is men der op'e harksitting mei akkoard gien, dat by de
rekonstruksje beide pleinen fisueel skieden wurde. Dat haldt yn,
dat ek oan it twadde plein in namme jün wurde moat. Wy soene hjir
foar de namme "Riedhüsplein" kieze wolle, omdat foarhinne it gemeente-
hüs hjiroan stie. In ekstra argumint om it plein te ferneamen is,
dat de hüsnümmering fan de wenten oan de "Raadhuisstraat" dochs
feroare wurde moat. Ommers der sille yn it plan De Baai twa wenten
boud wurde, dy't de ütgong oan it plein krije, wylst yn it aide
gemeentehüs 8 HAT-ienheden makke wurde. Dit bringt in fernümering
fan alle wenten oan de "Raadhuisstraat" mei.
De oarspronklike strjitte mei de namme "Raadhuisstraat" fait yn
trije parten ütien. Twa hjirfan wurde frysktalich. Itliket üs
in goede gedachte it part dat de oarspronklike namme haldt tenei
ek frysktalich te meitsjen.
Gearfetsjend stelle wy jim dan ek üt:
1. It part fan de strjitte, dat leit tusken de ^"Hoofdstraat" en
de Boogstrjitte de namme ta jaan fan "Riedhüsstrjitte" (op'e
tekening read ynkleurd)
2. It plein, rinnende fanof de Boogstrjitte oant de grins mei it
Halbertsmaplein (op'e tekening giel ynkleurd) de namme te jaan
fan "Riedhüsplein".
3. De strjitte, dy't rint fanof it Riedhüsplein oant de "Nieuwe
Kade" de namme ta jaan fan "Waachshaven" (op'e tekening grien
ynkleurd)
It dêrta fêst te stellen beslüt leit yn Ontwerp by de stikken foar
jim om yn te sjen.
Boargemaster en wethalders fan Idaarderadiel
de siktaris, de boargemaster,
(P.H. Starreveld) (B.G. Holtrop)