4 Douwe Tamminga (1909-2002) IHP 30 Op tiisdei 9 april 2002 is Douwe Tam minga te hóf brocht. Dichter, skriuwer en oersetter Tamminga (Winsum 1909) is 5 april yn syn wenplak Ljouwert ferstoarn. Hy wurdt wol ien fan de grutste dichters en taalbouwers neamd. Ek foar Ljouwert wie hy tige wichtich. Hy hat hjir net allin- nich wurke en wenne, mar hy skreau ek oer de stêd. Mei de histoaryske roman De boumaster fan de Aldehou hat Tamminga in stikje skiednis fan Ljouwert op treflike wize en goed dokumintearre beskreaun. It boek hat dan ek folslein mei rjocht yn 1986 de gemeentlike Piter Jelles-priis fertsjinne. De ballade oer Mata Hari en in gedicht oer 700 jier Ljouwert binne ek opmerklik. Dat léste gedicht -sjoch hjiründer- is yn 1993 opnaam yn de poëzieroute troch de Ljou- werter binnenstêd. - Ifi nHfl - n \tÈÊf mHWmJ |gag»—- -IftjÉj H 1jdi-L, AED LEVWERD Wie eartiids Rome op san heuvels houd, op trije terpen, fan de see tegnaud, tynde dit Ljouwert tydlings ut syn grêften... Sjoch, hoe 't libbet en him dreech üntjout! De eastkant fan 'e stêd mei de Bonifatiustoer en de piipen fan 'e 'Centrale'. Penseeltekening fan Jan Stroosma. 'lste kerstdag 1949'

Historisch Centrum Leeuwarden

Leovardia, 2000-2018 | 2002 | | pagina 32