Öfskienimme 9 Yn de peaskefakansje fan 1955 kaam üs pake te ferstjerren en waarden myn suske en ik yn Ljouwert parkeard by in 'omke en muoike', freonen fan üs alden. Omdat it by har sa gesellich wie, is dy ütfanhu- zerij gauris werhelle yn letter jieren en üt dy tiid stamme myn bewustere oantin- kens oan de winkels fan Ljouwert. Omke hie in akkuhannel oan 'e Weaze - 'oan 'e goeie kant', plichte üs muoike te sizzen as hja har adres opjaan moast - en hast alle dagen swalken wy dêrwei wol even de stêd yn. Om boadskippen of om allinne mar troch de winkels te gnu ven. Bysün- der fünen wy it, dat der yn Ljouwert safolle saken wiene, dêrst' oan 'e foarkant yn- en efter wer ütrinne koest en oarsom, sadatst in hiele slingertocht oer Nijstêd en Saailan makkeste. Wat wiene der doe noch in protte lytse middenstanners tichteby en yn it sintrum. Molke, brij en tsiis hellen wy by Andrin- ga op 'e hoeke fan de Uniabuert, griente yn 'e Oosterstijitte, krudenierswaren by Bloemsma, ansichten, poezyplaatsjes en skriften by De Vries, beide ek yn 'e Oos- terstrjitte, lykas Theo de Jong, de leveran- sier fan Portugeesjes en pensees. Foardat wy dêr bedarren, moasten wy earst wol 'Wanda' mei de begearlike hierspjelds- jes, sjippe en rükersguod foarby sjen te kommen. Oare kant it wetter, op 'e hoeke fan de Weaze en de Peperstrjitte, wie in 'Verkade-winkel', dêr't repen en koekjes weikamen. Wêr't de gewoane böle helle waard, wit ik eins net mear, mar foar it fleis gie muoike alhiel nei de Sint Japiks- strjitte, nei 'Bakker uw slager'. Der hat in simmer west, dat it buordsje 'Voetpad' oan 'e wetterkant fan it Naauw troch in humoristyske Ljouwerter mei it setten fan ien lyts streekje feroare wie yn 'Voetbad'. Ik koe doe al goed léze, mar haw dêr lykwols lang nei sjoen. Wetter genöch, mar sokke yntrigeaijende buordsjes hiene wy net yn Doardt. Leovdic^ la. It Uterst rjochts omke's akkuhannel oan 'e goeie kant fan 'e Weaze yn 1955 (Foto: Han de Vries) Tineke Steenmeijer-Wielinga Öfskienimme fan it wurk betsjut ütsjen nei in fakansje dêr't gjin ein oan komme sil, mar öfskienimme stimt ek weemoe- dich. Ik ha my tritich jier lang tige ferbün field mei it Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum - it wurk en de minsken. It museum wie myn twadde thüs en myn ütfalsbasis tagelyk. Dat gefoel fan mankelikens hat net iens safolle te krijen mei it ferdwinen fan it FLMD as selsstannich ynstitüt. It wurk en de minsken bliuwe en de füzje mei de Provinsjale en Buma-biblioteek en it Ryks- argyf yn Fryslan ta ien Frysk Histoarysk en Letterkundich Sintrum mei de namme Tresoar achtsje ik in goed ding. It is mear ten wurde moat, dat ta sok weemoedich weromtinken stimt. Hoewol't wy aanst - wenjend yn Frankryk - in 'pied a terre' yn 'e Fryske haadstêd hawwe, hat de Nijstêd delrinne en eta- laazjes besjen - wat ik altyd graach dwaan mocht yn it middeisskoft - dan net langer de tsjoen fan even üt it wurk wei en yn in oare wrald omstappe. Fan jongsöf hat Ljouwert foar my in stêd west om te winkeljen. Myn aldste oantinkens omfïemje net mear as it stas- jonsplein. Ljouwert wie it plak dêr't wy, üt Doardt wei ünderweis nei pake en beppe yn Rie, oerstappe moasten fan de trein op 'e bus. De earste auto krigen wy thüs yn 1956, ik bin fan 1946, dat it byld fan dat diske mei dy fassinearjende namme 'De gezonde apotheek' stamt üt de tiid, dat ik

Historisch Centrum Leeuwarden

Leovardia, 2000-2018 | 2002 | | pagina 11