La» it 19 de dochs al skrale ynkomsten stil stiene. Ek myn broers en suster moasten dan üt harren potsjes of'ferje. De regearing hie, om de earmoede by de tünkers wat te sprieden, in teeltbeper king ynsteld. Eltse tünker hie in teeltfer- gunning foar it opperflak dat hy bebouwe mocht mei grienten, of mei fruitbeamen of mei blommen, nei gelang it soarte fan bedriuw. Dat koe fansels moai bepaald wurde, mar der moast ek op tasjoen wur- de en dat moast ek barre troch minsken dy't der wat sjoege fan hiene. Benammen bestjoerders fan tünbou-organisaasjes waarden hjir foar benadere. Us heit waard ek frege, hy siet yn it feilingbestjoer en dêrneist yn it proeftünbestjoeren al wie it no net bepaald wurk dat him bot oanstie, hy fun dat it barre moast en boppe dat it smiet ek noch in pear sinten op. Sa kaam it, dat hy him op bepaalde tiden yn syn brune mansjesterpak hyste en op de fyts nei it Bildt of de Walden ta sette. Krekt as no de AID, seach men dizze mannen net altyd like graach op it bedriuw kom men en men besocht harren dan ek wol letterlik om'e tün te lieden. It moaiste wie wol, dat as hy soms sykje moast nei sa'n tün, buorlju fan de 'klant' besochten him de ferkearde kant op te stjoeren. Dêr koe dan thus by de itenstafel smaaklik oer ferteld wurde. Dy rappe bewegingen fan it mes It warenhüs neist it hüs, waard üt elkoar helle en efter op de tün wer opboud en ek waard in nij warenhüs boud. Om dy warenhuzen fan foldwaande focht te fer- sjen wie der in ferpleatsbere bok mei in fleugelpompke derop. Dit ding hie twa hanfetten en as lytse jonge wie ik altyd fassinearre, as Reinder en Jelle as Hon- ke der in hiele moarn oan stiene. Almar hinne en wer en it wetter streamde üt de slang, dy't sa no en dan ferlein waard. Ik mocht damkes yn de fuorgen meitsje, sadat it wetter goed oer it hiele oerflak ferdield waard. As de grün sa sacht wie, dat de fuotten weisakken, koe de slang nei in oar fek ferplakt wurde. In oar apparaat, dat my tige oanspruts wie de pottepers. In tafel, mei in sinken plaat derop en yn'e midden hjirfan in gat. Under it gat siet in izeren pot. Dy pot kaam fol potgrün en dan waard hjir mei in hefearm in taps stik izer yn drukt, dêrnei trape de betsjinner op in pedaal en kaam de boaiem fan de izeren pot omheech en stie der in kreas modderpotsje op tafel om koal- as slaadplanten yn te setten. Boei end fün ik ek altyd it ütkapjen fan blom- koal en it kapjen fan de raberberblêden. Dy rappe bewegingen fan it mes diene it tink ik. Sa fün ik spinaazje snijen, mei dat dübeld heaks omsette mes, in folie moaier gesicht as it opstekken fan slaad en andy- vje. En dan de rüchskerne, dêr ha ik altyd wat mei han. Dy siet neffens my op in üngaadlik plak. Stjonkend, krekt oer de sleat, sa ticht by hüs en deun neist it wichtichste paad de tün op, sadat dêr altyd smoarch focht oer it paad run. Dy skerne kaam fan alles op, it tüch dat by it skoffeljen los kaam en benammen blêden fan raberber en blomkoal. Krekt dy lésten waarden gau ta in brijeftige rotsjende mas sa. Bytiden waard de hüsketonne der ek yn lege, mar meast kaam de ynhald hjirfan yn in izeren draachbak dy't dan oan de oare kant fan dat paad stie. Ik kin no myn heit syn logistike arguminten wol begripe, want dit plak lei frijwol sintraal yn it stik wêr de grienten ferboud waarden en wêr dus de oan- en óffïer fan it skerneguod it minste wurk frege. Mar ik fün it neat en mooglik waard ik stikem ek wol wat troch üs mem hjiryn oanset, dy't hjirmei in direkt kon- flikt mei Heit üt'e wei gie. Op de eastkant fan de beide stikken tün, tsjin de dyk oan wiene yn de rin fan de jierren al wat stikjes grün ferkocht as bouterrein aan Jan de Vries, Thys Zon dervan, Sikke Speerstra, Jelle Talsma, Ysbrand van der Haag en yn 1937 Jan Dekenga. Dit léste hüs waard in jier as wat letter de wente wêr Honke mei syn Durkje har ta wenjen sette soene en waard sa oant 1999 it léste Calsbeek-stee op Snakkerbuorren. Wat ek feroare en ferbettere yn de léste 30'er jierren, dat wiene de paden. Ik noch dat it prachtich wie om as jonkje te dra ven oer de losse planken dy't doe as fer- hurding foar it kroadzjen yn de grutste fuorgen leine. By reinich waar kwitsten bytiden stralen wetter jin by de küten op en as de tiid fan fïskjen der wie, kearden we de planken om en fünen samar dikke wjirmen. Dat waarden letter betonpaadsjes fan in heale meter breedte en doe kamen der platte buiskroaden op luchtbannen. Earder waard noch in bulte mei in lyts plat boatsje troch de sleatten ferfïerd. De tün wie ek foar in grut part noch farbedriuw, al soe men dat oan de smelle sleatsjes net sizze. Foar it ynterne ferfïer hiene we in hiel plat breed skouke, wêrmei De nije drüvekassen, 1941/42

Historisch Centrum Leeuwarden

Leovardia, 2000-2018 | 2003 | | pagina 22