La» it 21 Rekreaerje mei de grienteskou. Fan lofts nei rjochts Greet Dekinga, Jan Calsbeek, Ypie Terpstra, Atsje Dekinga en Janneke Calsbeek. De meast romrofte foto fan üs Mem, omdat har fuotten ek op portret kamen Skoalkammeraat Geart Smidt helpt op 'e tün, 1936 dy't mei in fytsmakker troud wie en foar myn boekhandeler. Wy hiene ek in klant mei in soarte fan bibleteek, dy soarge, dat we boeken te lézen krigen, dy't troch de besetter ferbean wiene. In nij produkt fan de oarlochsomstan- nichheden wie de ferbou fan tabak. Dat wie foar it eigen gebrük. Op in pear ekers neist it hüs stiene de hege planten en de grutte blêden waarden oan galvanisearre tried rige en yn de kassen te droegjen hongen, De fine ünderste blêdsjes, üs 'zandblad', waard foar Heit apart halden en gie nei Johannes Kabel as dekblêd foar de sigaren, dy't hy foar üs Heit makke. De oare blêden giene oprdle yn bondels yn in kiste om te broeien, soms mei ien as oare sauske der troch foar de smaak. Honke en Durkje krigen yn de oarloch twa bern, Hinke en Bearn. Yn augustus 1944, trouden Pyt en Janneke. We giene mei twa koetskes en in Jan Plezier nei it stedhüs. De bruiloft wie op Ulkepöle, der wiene in hiele bulte gasten, dy't wakker bearden fan alderhande foaroarlochske lekkers. Gebakjes, wite bole, sükerböle, fleis en tsiis, tee en kofje. It resultaat fan in aktyf ruiljen nei alle kanten. Efkes let ter waard it sa, dat ik net mear nei sko- alle koe en ik dükte ünder op de tün. Dêr wie ek Pieter de Vries ünderdüker. Tege- arre sliepten we soms tusken de tomaten yn de kas. By in razzia is Pieter pakt en üteinlik nei Drinte stjoerd. Tongersdei 12 april 1945, waard it noch efkes spannend op Snakkerbuorren. In kolonne nei it westen werom lükende Dütskers, struts hjir del en miende in brêge te fïnen nei de Vierhüsterdyk. Hja woene net troch de stêd en binne oant de jüns ta bleaun. Der waarden keamers foardere, sa ek by Honke en Durkje, dêr kaam de kommandant. Lokkich binne se jüns it Blokkepaad lans öfset. Op moand- ei 16 april kamen de earste Kanadeeske jeeps de reed by de Pöle del stowen, we wiene yn in druvekas oan it radysboskjen. Ik bin mei in boskje radys nei it fabryk draafd en dêr ha ik it de earste de béste soldaat yn hannen treaun. Dat wie foar üs it ein fan de oarloch. Ik koe de leppe wer stean litte en myn rêch wat üntspanne, as dêr efter in tekenboerd al sprake fan wie, want ik gie wer oan de stüdzje, wet- terboukunde, de agraryske kant luts my net. De oaren giene fierder mei de tün. Yn 1946 kamen der in pear lytse pjutten by Jitsche fan Pyt en Janneke en Lieuwe fan Honke en Durkje. Pyt en Janneke bou- den yn 1959 in eigen hüs op de Fjouwere, sadat elts winliken op it bedriuw wenne. Heit en Mem binne yn de 70'er jierren stoarn en ek de tredde generaasje waard aid en moast stadichoan it tünkjen der oanjaan, sünder dat der opfolging wie.

Historisch Centrum Leeuwarden

Leovardia, 2000-2018 | 2003 | | pagina 24