De wettersporters yn de Prinsetün 8 Piet Hemminga Doe't steedhalder Willem Frederik yn 1648 de Prinsetün oanlizze liet, stie de plezierfeart noch yn de berneskuon. Waard der yn't earstoan yn de 16de ieu, noch mei elk beskikber bedriuwsskip fearn, yn it begjin fan de 17de ieu soenen yn Neder lan de earste 'speeljachten' boud wurde. It skruten begjin fan de plezierfeart soe yn de twadde helte fan de 20ste ieu ütgroeie ta in massale frijtiidsbesteging. Neffens it cbs hat sa'n trije persint fan alle Nederlanske hüshaldens in motor- of sylboat. In lyts part fan dy tsientüzenen boatsjes, oanfold mei in flink tal skippen benammen üt Dütsklan, docht simmerdeis de Prinsetün oan. De Prinsetün hat de öfrüne jierren in grutte opknapbeurt ündergien. Neidat it ünderhald der jierrenlang by ynsket- ten wie koe de gemeente 5m 2003 en mei help fan Europeesk jild de renovaasje oanpakke. En nei't shovel en skeppe inkelde jieren foar de nedige argewaasje soarge hawwe, bylket de tün no wer mei ünder mear in prachtich nij stek oan de kant fan de Griene Wei en twa opfallende poarten. In moai en tagelyk ünopfallend servicegebou stiet klear foar havenmaster en wettersporter. Op twa nije prachtich foarmjüne ynformaasjeboerden kinne de wettersporters, yn it Nederlansk en Ingelsk, mar frjemd genöch net yn it Dütsk, oer de skiednis fan de tün of de tagong ta en it brüken fan it servicege bou léze. De paden binne op'e nij fluor re en aid strewelleguod is opromme. Mar it foarnaamste is wol dat wat de gemeente sa graach de moaiste jachthaven fan Nederlan neame mei, lokkich noch altiten gjin jachthaven is. De boatsjes hawwe in lisplak yn de Noarder Stedsgrêft en de wettersporters ferbliuwe yn it publike kuijerpark sa't Kening Willem I dat yn 1819 oan de gemeente skonken hat. Wenplak Wêr komme de wettersporters dy't yn de Prinsetün oernachtsje sa al wei? In lyts ündersyk op de wat it waar oanbelanget moaiste dagen yn de simmers 2001 en 2002 jout in earste antwurd op dy fraach. In earste antwurd om't it tal wetterspor ters dat befrege is, mar goed ien persint is fan alle wettersporters dy't yn in jier yn de Prinsetün oanlizze. Dat persin- taazje slüt trouwens net üt dat it om in representative stekproef giet en dat de ütkomsten wat fan alle wettersporters yn de Prinsetün sizze. Fierwei it grutste part, sa'n 62% fan de skippen dat 5m de Noarder Stêdsgrêft oanleit, heart ta de kategory fan de motor- skippen, wylst 23% sylskip is. Fierders heart in lyts part ta it skift fan de -al of net ferboude- eardere frachtskippen. Fan de skippen yn it ündersykje komt de lytste helte, sa'n 41%, üt Fryslan. Sawat inselde persintaazje, 40%, fan de boatsjes komt üt de rest fan Nederlan en 16% hat in Dütske thüshaven. De nije yngong fan de Prinsetün op'e hoek fan 'e Grienewei, 2005 België en Frankryk binne fierders beide mei ien boatsje yn it ündersyk fertsjin- wurdige. Dat wat de herkomst fan de skippen oanbelanget, mar dat wol fan- seis noch net sizze dat ek de wetterspor ters seis üt de neamde provinsje of lan- nen weikomme. Om't 15% fan de befrege skippen ta de hierfloat heart, leit it yn de reden dat bygelyks it tal Fryske wetter sporters leger is as it tal skippen mei in Fryske thüshaven. De sifers befêstigje dat tinken. As frege wurdt wêr't de wetterspor ters wenje, docht bliken dat 28% fan de wettersporters üt Dütsklan komt en dat 21% fan de wettersporters in wenplak yn Plezierfeart yn 'e Ljouwerter stedsgrêft lans de Noardersingel en de Prinsetün

Historisch Centrum Leeuwarden

Leovardia, 2000-2018 | 2005 | | pagina 10