9
Fryslan hat. Boppedat binne, oars as de
thüshaven fan de boaten tinken docht,
ynwenners fan Curasao, Eastenryk, de
Feriene Steaten fan Amearika en Swit-
serlan oan de wetterkant fan de Prin-
setün te finen. Mei-elkoar komt in tredde
part fan de wettersporters üt it bütenlan
en wol benammen üt Dütsklan. Dat gjin
Skandinaviër yn it ündersykje werom te
finen is, sil komme om't dy faak al ier yn
it seizoen yn de Prinsetün te finen binne.
Wierskynlik wie it ündersykje foar de
Denen en Sweden krekt te let.
Men kin jin ek öffreegje of it noch altiten
sa is, lykas earder wolris konstateard is,
dat wettersporters fan büten Fryslan foa-
ral üt net-steedlike gebieten weikomme.
Dat liket net langer op te gean, want
fan de Dütske wettersporters wennet
de helte yn in stêd fan mear as 100.000
ynwenners, wylst 70% wennet yn in plak
mei mear as 30.000 ynwenners. As sjoen
wurdt nei it wenplak fan de wetterspor
ters üt Nederlan, Fryslan net ynbegrepen,
wennet twatredde part yn steedlike wen-
gebieten mei mear as 100.000 ynwenners.
Dat makket de konklüzje op syn plak dat
in grut part fan de wetterrekreanten yn
de Fryske haadstêd ek thüs stedsbewen-
ners binne.
Troch op 'e nij pleatste ynformaasjeboer-
den wurde wettersporters en kuierders
twatalich ynformearre oer it ferline fan
'e Stedstün en jout in plattegrün de fer-
skate foarsjennings yn 'e neiste omkriten
oan, 2005
Aldere minsken
Hoe aid binne de Ljouwert passearen-
de wettersporters en wat hawwe hja sa
troch'en dei by de ein of wat hawwe hja
earder yn it libben dien? As ien ding hel
der is dan is it wol dat de wettersporter yn
de Prinsetün yn trochsnee aardich alder
is as de trochsnee Nederlanner en ek wet
tersporter 3m it algemien. It giet foaral om
al wat aldere minsken, dêr't in part fan
it beropslibben al achter him lizzen hat.
It is bekend dat de trochsnee-aldens fan de
wettersporters mei in motorkruser boppe
dy fan de wettersporters mei in syljacht
leit en dat litte de minsken 3m de Prinse
tün dan ek sjen. Fierwei it grutste part,
dat wol sizze sa'n 67%, hat fyftich west en
mar trettjin prosint is noch gjin fjirrtich
jier. Goed 19% fan de wettersporters
is tusken de fjirtich en fyftich jier. Dat de
aldens fan de wettersporters 3m de Prinse
tün sa heech leit stiet fansels net los
fan it karakter fan de wettersport yn de
Noarder Stêdsgrêft. It giet foaral om
motorboaten en gruttere syl/motorskippen,
dy't ornaris oan de al wat aldere rekrean-
ten foarbehalden binne, wylst de jongelju
ünder de wettersporters, dy 3m lytse syl-
skipkes, mei kano's en op surfplanken,
üntbrekke.
De hokkerdeis klearkommen toilet-, brüs-
en waskfoarsjenning is boud op 'e fonde-
minten fan 'e eardere Oranzjery dy't oant
yn 'e 19de ieu op itselde plak stie en dêr't
de fondeminten yn 2003 nei argeologysk
ündersyk foar't Ijocht kamen, 2005
Dat it om al wat aldere minsken giet komt
ek nei foaren 3m de 82% fan de wetter
sporters dat troud is. Tagelyk lit dat hege
persintaazje sjen dat wettersport hiel
faak yn it ferban fan de hüshalding
beoefene wurdt.
Hiel opmerklik is dat relatyf in heech tal
fan de wettersporters syn deistich brea ek
yn de maritime sektor fertsjinnet of fer-
tsjinne hat. Gauris komt men in skipper of
kaptein fan de lytse of grutte hannelsfeart
tsjin, wylst ek jachtbouwers, wetterply-
sjes of skipsdieselmonteurs har frije tiid
graach op it wetter trochbringe. Sa'n 15%
fan de wettersporters hat ek yn it deistich
libben mei it wetter te krijen. Dêrnjonken
is de ünderwiissektor goed fertsjinwur-
dige. Fan de frege wettersporters hat 11%
beropsmjittich mei dy sektor te krijen en
dat wylst sa'n seis prosint fan de wurkjen-
de Nederlanners dat hat. It tal akademisi
leit mei sa'n tsien prosint ünder de wet
tersporters yn de Prinsetün ek heger as de
san prosint fan de Nederlanske befolking
dat wittenskiplik ünderwiis as heechst
behelle ünderwiisnivo hat. Yn safier hinne
komt it byld fan de wettersporters dy't de
Prinsetün opsykje aardich oerien mei dat
fan de wettersport 3m it algemien.
Symboalyske namme
Ta beslüt noch in inkelde opmerking oer
de nammen fan de boatsjes. Fan de boats-
jes yn it ündersyk hat fierwei it grutste
part, 43%, in symboalyske namme. Dêrby
moat tocht wurde oan nammen lykas Vrij
heid, Escape of Op Trochtocht. Persoans-,
plak-, natuer- en fantasynammen komme
allegearre folle minder faak foar. Fan alle
nammen is 18% Ingelsktalich, fan de sym-
boalyske nammen is mar leafst in tredde
part 3m dy taal. Ek Dütske wettersporters
kieze graach foar in Ingelsktalige namme.
Dy taal blykt, sa sizze de wettersporters,
hiel goed it fakansjegefoel wer te jaan of,
mei oare wurden, it Ingelsk liket öfstan ta
de hurde deistige werklikheid skeppe te
kinnen. It tal Frysktalige nammen is dêr
foaroer mar lyts: 5% fan de boaten hat in
Frysktalige nammen. Mar dat wol net siz
ze dat Frysktalige nammen net wurdearre
wurde, want op de fraach oft in skip üt
Fryslan net in Frysktalige namme haw
we moatte soe, antwurdet goed in tredde
diel fan de wettersporters dat soks yndied
moatte soe.