meente leeuwarden Cr V Blad 2 in 2000 een budget van maximaal f 12.015,- te reserveren voor subsidies in het kader van 'Leeuwarden, hoofdstad van een tweetalige provincie' Aldus vastgesteld in de openbare vergadering van voorzitter secretaris uiaeiiootsterkericnot z Postbus 21000 8900 JA Leeuwarden Telefoon 058 233 88 33 Startnotysje Fryske taal en kultuer Bijlage nr. 16 Oan de gemeenterie. YNLIEDING Yn 1989 is it belied fan de gemeente Ljouwert op it mêd fan de Fryske taal foar it lést fêststeld yn de notysje Frysk. Yn 1994 is dat fêststelde belied ünder wurden brocht yn de twatalige brosjuere Friese-taalbeleid/Fryske-taalbelied" It belied op it mêd fan it Frysk hat de ófrüne jierren net in soad omtinken krigen. Ferskate boargers en ynstellings hawwe de gemeente frege mear omtinken te jaan oan it beliedsfjild Fryske taal en kultuer. Mei dêrom hawwe jimme yn 1998 by it fêststellen fan de nota "Tussen de Stenen het Cement" it foarnimmen oppenearre om op 'e nij omtinken te jaan oan de Fryske taal en kultuer. Ek is it aktualisearjen fan de nota "Fries taalbeleid" as aksjepunt yn it Bestjoersprogram 1998-2002 opnommen. It foarnimmen is oant no ta noch net ütfierd. Yn de kultuernota "Tussen de Stenen het Cement" stiet it folgjende oer it Frysk: "it Frysk en it Liwwarders hawwe in düdlike maatskiplike funksje en ut de tradysje en histoarje wei in sterke emosjonele wearde. Goed in fjirde part fan de Ljouwerter stedsbefolking is fan hüs ut Frysktalich, de hel te kin Frysk prate en 88% ferstiet de twadde rykstaal. De gemeente wol mei har taalbelied omtinken jaan oan dit belangryk kultuerbesitDe Ljouwerter boarger moat, as hy dat wol, yn it Frysk of Liwwarders mei gemeenteamtners en -bestjoer kommunisearje kinne. De kommende jierren jout de gemeentlike organisaasje noch mear en mei mear klam omtinken oan it ütfieren fan dy maatregelsNeist it taalbelied yn ingere sin moat ek op oar kultureel mêd romte jün wurde oan it Frysk-eigene fan taal en kultuer. Yn gearspraak mei de Frysktalige foarsjennings yn Ljouwert wurdt de nota Fries taalbeleid" op har aktualiteitswearde besjoen en sille oanfoljende konkrete plannen üntwikkele wurde om Ljouwert as twatalige stêd en as middelpunt fan de Fryske kultuer te prof Hear jen" Sjoch dizze stêd; sjoch wat der runom bart - It aide spegelet him yn wat de takomst hat - Piter Terpstra

Historisch Centrum Leeuwarden

Raadsverslagen van de gemeente Leeuwarden, 1865-2007 (Bijlagen) | 2000 | | pagina 80