Blad 2
Startnotysje
Op dit stuit is de sektor Samenlevingszaken en Cultuur al
wer dwaande mei de tariedings foar de nije Kultuernota
2001-2004. It belied op it mêd fan de Fryske taal en
kultuer sil in wichtich part fan de nota foarmje. It belied
op it mêd fan de Fryske taal en kultuer sil op dy wize in
folweardich part fan it kultuerbelied fan de gemeente
wurde. It sil net langer in op himsels steand Onderwerp
wêze
Der binne lykwols ferskate redens om foarütrinnend op de
nije kultuernota no alfêst te kommen mei dit riedsütstel:
1. Nei oanlieding fan fragen fan boargers en ynstellings is
ferskate kearen tasein dat yn 1999 in nota Fryske taal
en kultuer opsteld wurde soe.
2. De rie hat by it behanneljen fan de Perspectiefnota
2000-2003 in bedrach fan f 40.000,- beskikber steld foar
it ütfieren fan it Fryske taal- en kultuerbelied yn
2000. Dêrom wurdt yn dizze startnotysje in tal ütstellen
dien dy't al yn 2000 ütfierd wurde kinne.
3. It fêststelde belied wurdt op dit stuit mar foar in part
ütfierd. De portefeuillehalder Kultuer hat de Rie tasein
om hjir omtinken oan te jaan.
Fansels sille de ütstellen yn de nije kultuernota oanslute
by de ütstellen yn de startnotysje.
Yn dizze startnotysje komme efterinoar de folgjende
Onderwerpen oan de oarder:
A. Reparaasje Afük subsydzje
B. Nije inisjativen
C. It besteande belied
A. Reparaasje Afük subsydzje
De Afük organisearret alle jierren yn de wintermoannen
ferskate kursussen Frysk lykas Frysk ferstean en lézen,
Frysk praten, Frysk yn it offisjele ferkear, en leargongen
A, B en C. Oant en mei 1998 hat de Afük hjir yn it ramt fan
it "Foarmings- en üntwikkelingswurk foar folwoeksenen" in
gemeentlik subsydzje fan likernöch f 15.000,- it jier foar
krigen
Yn ferban mei de troch jimme needsaaklik achte ombügings
foar de beliedsperioade 1997-2000 hawwe jimme op 4 novimber
1996 besluten om mei yngong fan 1999 dit subsydzje öf te
skaffen. Yn it ljocht fan de finansjele situaasje fan de
gemeente waard gjin prioriteit jün oan de kursussen Frysk.
Blad 3
Dêrmei is de gemeente Ljouwert mei de gemeente Opsterlan de
iennige Fryske gemeente dy't de Afük-kursussen net
subsidiearretDat strykt min mei de beliedsyntinsje dy't
yn de Kultuernota beskreaun stiet en mei de profilearring
fan Ljouwert as haadstêd fan de twatalige provinsje
Fryslan.
De kursussen fan de Afük fine oeral yn de provinsje plak.
Ek yn gemeenten dêr't gjin kursussen plakfine wurdt wol
subsydzje frege en ek krigen. Om't Ljouwert in düdlike
sintrumfunksje hawwet, fine guon kursussen allinnich hjir
plak (minder gongbere kursussen en kursussen foar minsken
dy't al fierder binne). Nei it weifallen fan de subsydzjes
fan de gemeente Ljouwert is besluten om de kursussen yn
Ljouwert earst trochgean te litten, om't Ljouwert sa'n
düdlike sintrumfunksje hawwet. It finansjeel tekoart wurdt
no tydlik oerbrêge mei middels fan oare gemeenten.
De Afük hat yn in brief fan 23 febrewaris 1999 witte litten
dat sy ferwachtet dat sy yn de winter fan 1999/2000 yn de
gemeente Ljouwert 15 kursussen fersoargje sil. Sy hat frege
om in subsydzje fan de gemeente fan f 16.500,-. Neist it
subsydzje fan de gemeenten kriget de Afük in rykssubsydzje
de kursus en freget sy in lesjild fan likernöch f 200,- de
kursist, eksklusyf boeken en lesmateriaal. De dielnimmers
oan de kursussen folgje de kursussen trouwens frijwillich,
wy wolle nimmen twinge om Frysk te learen.
Wy wolle lykwols al dat de kursussen foar in brede groep
minsken tagonklik binne. As de Afük gjin subsydzje krije
soe, soenen de kursussen in stik djoerder wêze en dêrmei
minder tagonklik wurde. It subsidiearjen fan Afük-kursussen
is in goed ynstrumint om de Fryske taal yn Ljouwert te
stimulearjen en in brede groep minsken yn steat te stellen
har op dat mêd (fierder) te üntwikkeljen
Wy stelle jimme üt om oan de Afük in subsydzje fan op syn
heechst f 16.500,- ta te kennen foar it fersoargjen fan
kursussen Frysk yn it seizoen 1999/2000.
B. Nije inisjativen
Kursussen Frysk foar nijkommers
Nijkommers yn Fryslan komme telane yn in twatalige
maatskippijYn it ynboargeringsprogram wurdt amper
omtinken jün oan dy bysündere situaasje. Alle jierren
folgje tusken de 75 en 100 minsken yn Ljouwert by it
Friesland College in ynboargeringsprogram. It program is
foar de measte minsken swier, it learen fan Frysk hat gjin
prioriteit. Net alle minsken dy't yn Ljouwert it
ynboargeringsprogram folgje sette har nei wenjen yn
Fryslan. As sy wol yn Fryslan bliuwe, komme se foar it
grutste part earst yn oanrekking mei it Frysk as se wurkje
of as de bern nei skoalle geaneDan krije se ek ferlet om
harren mear te ferdjipjen yn de twadde rykstaal.