Blad 2 Startnotysje Op dit stuit is de sektor Samenlevingszaken en Cultuur al wer dwaande mei de tariedings foar de nije Kultuernota 2001-2004. It belied op it mêd fan de Fryske taal en kultuer sil in wichtich part fan de nota foarmje. It belied op it mêd fan de Fryske taal en kultuer sil op dy wize in folweardich part fan it kultuerbelied fan de gemeente wurde. It sil net langer in op himsels steand Onderwerp wêze Der binne lykwols ferskate redens om foarütrinnend op de nije kultuernota no alfêst te kommen mei dit riedsütstel: 1. Nei oanlieding fan fragen fan boargers en ynstellings is ferskate kearen tasein dat yn 1999 in nota Fryske taal en kultuer opsteld wurde soe. 2. De rie hat by it behanneljen fan de Perspectiefnota 2000-2003 in bedrach fan f 40.000,- beskikber steld foar it ütfieren fan it Fryske taal- en kultuerbelied yn 2000. Dêrom wurdt yn dizze startnotysje in tal ütstellen dien dy't al yn 2000 ütfierd wurde kinne. 3. It fêststelde belied wurdt op dit stuit mar foar in part ütfierd. De portefeuillehalder Kultuer hat de Rie tasein om hjir omtinken oan te jaan. Fansels sille de ütstellen yn de nije kultuernota oanslute by de ütstellen yn de startnotysje. Yn dizze startnotysje komme efterinoar de folgjende Onderwerpen oan de oarder: A. Reparaasje Afük subsydzje B. Nije inisjativen C. It besteande belied A. Reparaasje Afük subsydzje De Afük organisearret alle jierren yn de wintermoannen ferskate kursussen Frysk lykas Frysk ferstean en lézen, Frysk praten, Frysk yn it offisjele ferkear, en leargongen A, B en C. Oant en mei 1998 hat de Afük hjir yn it ramt fan it "Foarmings- en üntwikkelingswurk foar folwoeksenen" in gemeentlik subsydzje fan likernöch f 15.000,- it jier foar krigen Yn ferban mei de troch jimme needsaaklik achte ombügings foar de beliedsperioade 1997-2000 hawwe jimme op 4 novimber 1996 besluten om mei yngong fan 1999 dit subsydzje öf te skaffen. Yn it ljocht fan de finansjele situaasje fan de gemeente waard gjin prioriteit jün oan de kursussen Frysk. Blad 3 Dêrmei is de gemeente Ljouwert mei de gemeente Opsterlan de iennige Fryske gemeente dy't de Afük-kursussen net subsidiearretDat strykt min mei de beliedsyntinsje dy't yn de Kultuernota beskreaun stiet en mei de profilearring fan Ljouwert as haadstêd fan de twatalige provinsje Fryslan. De kursussen fan de Afük fine oeral yn de provinsje plak. Ek yn gemeenten dêr't gjin kursussen plakfine wurdt wol subsydzje frege en ek krigen. Om't Ljouwert in düdlike sintrumfunksje hawwet, fine guon kursussen allinnich hjir plak (minder gongbere kursussen en kursussen foar minsken dy't al fierder binne). Nei it weifallen fan de subsydzjes fan de gemeente Ljouwert is besluten om de kursussen yn Ljouwert earst trochgean te litten, om't Ljouwert sa'n düdlike sintrumfunksje hawwet. It finansjeel tekoart wurdt no tydlik oerbrêge mei middels fan oare gemeenten. De Afük hat yn in brief fan 23 febrewaris 1999 witte litten dat sy ferwachtet dat sy yn de winter fan 1999/2000 yn de gemeente Ljouwert 15 kursussen fersoargje sil. Sy hat frege om in subsydzje fan de gemeente fan f 16.500,-. Neist it subsydzje fan de gemeenten kriget de Afük in rykssubsydzje de kursus en freget sy in lesjild fan likernöch f 200,- de kursist, eksklusyf boeken en lesmateriaal. De dielnimmers oan de kursussen folgje de kursussen trouwens frijwillich, wy wolle nimmen twinge om Frysk te learen. Wy wolle lykwols al dat de kursussen foar in brede groep minsken tagonklik binne. As de Afük gjin subsydzje krije soe, soenen de kursussen in stik djoerder wêze en dêrmei minder tagonklik wurde. It subsidiearjen fan Afük-kursussen is in goed ynstrumint om de Fryske taal yn Ljouwert te stimulearjen en in brede groep minsken yn steat te stellen har op dat mêd (fierder) te üntwikkeljen Wy stelle jimme üt om oan de Afük in subsydzje fan op syn heechst f 16.500,- ta te kennen foar it fersoargjen fan kursussen Frysk yn it seizoen 1999/2000. B. Nije inisjativen Kursussen Frysk foar nijkommers Nijkommers yn Fryslan komme telane yn in twatalige maatskippijYn it ynboargeringsprogram wurdt amper omtinken jün oan dy bysündere situaasje. Alle jierren folgje tusken de 75 en 100 minsken yn Ljouwert by it Friesland College in ynboargeringsprogram. It program is foar de measte minsken swier, it learen fan Frysk hat gjin prioriteit. Net alle minsken dy't yn Ljouwert it ynboargeringsprogram folgje sette har nei wenjen yn Fryslan. As sy wol yn Fryslan bliuwe, komme se foar it grutste part earst yn oanrekking mei it Frysk as se wurkje of as de bern nei skoalle geaneDan krije se ek ferlet om harren mear te ferdjipjen yn de twadde rykstaal.

Historisch Centrum Leeuwarden

Raadsverslagen van de gemeente Leeuwarden, 1865-2007 (Bijlagen) | 2000 | | pagina 81