Blad 4 As dizze minsken ferlet hawwe om Frysk te learen kinne se telane by de Afük-kursussenOp dit stuit is net düdlik oft it oanbod fan de Afük foar dizze groep oanpast wurde moat Dêrneist is it de fraach oft dizze groep it paad nei de Afük kursussen fine kin. It Friesland College soe in rol spylje kinne by it paadwiis meitsjen fan nijkommers op it mêd fan de Fryske taal en kultuer. It stimulearjen fan it folgjen fan kursussen troch dizze groep past yn it belied dat rjochte is op it aktivearjen troch wurk en frijtiidsbesteging De nijkommers dy't in ynboargeringstrajekt folgje hawwe trouwens sein dat sy wol ferlet hawwe fan in lyts Frysk wurdboek. De "Wat en hoe in het Fries"-boekjes kostje f 9,90 it stik. As wy ütgeane fan 150 ynboargeringstrajekten it jier (yn 1999 wurde 104 ferwachte) kin foar f 1.485,- it jier elkenien dy't in ynboargeringstrajekt folget sa'n boekje krije. Wy stelle jimme ut: om it Friesland College opdracht te jaan om yn it ynboargeringsprogram omtinken te jaan oan de twataligens fan de provinsje Fryslan en oan it kursusoanbod fan de Afük. om it Friesland College in subsydzje fan op syn heechst f 1.485,- ta te kennen om alle minsken dy't in ynboargeringstrajekt folgje it boekje "Wat en hoe in het Fries" oanbiede te kinnen. om yn it ramt fan it Minderhedebelied, it Underwiis- belied en it Fryske-taalbelied it ferlet fan en de subsydzjemooglikheden foar aparte kursussen Frysk foar nijkommers te ündersykjen. It ütgongspunt moat dêrby wêze dat it folgjen fan in kursus Frysk altyd frijwillich bart. It is net it doel nijkommers te twingen Frysk te learen. Stifting Fryske Klub Ljouwert Ferskate Fryske organisaasjes hawwe harren ferienige yn de Stifting Fryske Klub Ljouwert: De Ried fan de Fryske Beweging, Jongereinferiening Frysk Ynternasjonaal Kontakt, Stifting Frysk Pjutteboartersplak, de kulturele Fryske feriening fan Ljouwert "Eftrije" en it ynternetbedriuw Digitale Regio Fryslan. De Fryske Klub Ljouwert stribbet nei it iepen stellen fan in Frysk hüsYn sa'n Frysk hüs soenen aktiviteiten dy't te krijen hawwe mei de Fryske taal en kultuer plakfine kinne. It hüs soe ek fasiliteiten biede kinne yn de foarm fan kantoarromte of kursus/gearkomsteromte Blad 5 Neist de organisaasjes dy't al diel ütmeitsje fan de stifting, binne der ek oare Fryske (kulturele) organisaasjes dy't tsjin de stifting sein hawwe dat sy harren aktiviteiten keppelje wolle soenen oan in Frysk hüs, bygelyks om't se seis net genoch romte hawwe. Foarbylden fan sokke organisaasjes binne ünder mear De Ljouwerter Skotsploech, De Fryske Krite Ljouwert en Dambün "Frysk spul". Fansels binne der ek noch oare organisaasjes dy't passe yn it konsept fan in Frysk hüs, bygelyks de Friesche Club. De inisjatyfnimmers fan it Frysk hüs hawwe in konsept foar eagen nei it foarbyld fan it "Vlaams Huis" yn Brussel. Se stribje der nei dat der yn de haadstêd fan Fryslan in sintrum üntstiet dat funksjonearje sil as in moetingsplak foar de Fryske taal en kultuer. Ferskate Fryske ferienings en organisaasjes, mar ek elkenien dy't him belutsen fielt by de Fryske taal en kultuer, kinne dêr meidwaan oan aktiviteiten dy't de Fryske taal en kultuer libben halde en sa bydrage oan de üntwikkeling fan de Fryske taal en kultuer yn üs stêd. De Stifting wol in iepen organisaasje wêze. Ek oare kultueren en minderhede-organisaasjes moatte wolkom wêze yn it Frysk hüs. De Fryske Klub wol bygelyks graach gearwurkje mei it Centrum voor Ontwikkelings Samenwerking. Op dy wize kinne kultueren inoar moetsje en fan inoar leare. Dit stribjen nei in breed opset gehiel past neffens üs yn it belied fan steatssekretaris Van der Ploeg, sa't dat beskreaun stiet yn syn nota "Ruim baan voor culturele diversiteit". Wy heakje hjir noch oan ta dat de stifting der oer tinkt om har foarnimmens yn de takomst ek oan it ryk kenber te meitsjen, om faaks ek fan dy kant finansjele stipe te krijen. Yn dit ferban konstatearje wy dat de Stifting Fryske Klub Ljouwert in aktueel tema te praat bringt dat fierder ütwurke wurde moatte soe. As it konsept goed opset is en in hjoeddeiske foarm kriget, sil it in mearwearde hawwe en sil it bydrage kinne oan it imago fan Ljouwert as haadstêd fan Fryslan. Wy wolle de inisjatyfnimmers stypje yn harren ambysjes en harren de gelegenheid jaan om harren plannen fierder te üntwikkeljen Wy stelle jimme dêrom üt om de Stifting in startsubsydzje fan op syn heechst f 10.000,- ta te kennen. Wy wolle oan it subsydzje wol in tal betingsten ferbine: wy freegje de Stifting om in brede gearwurking te sykjen mei oare partijen en wy freegje de Stifting om üs op syn lést yn septimber 2000 in ütwurke plan foar te lizzen.

Historisch Centrum Leeuwarden

Raadsverslagen van de gemeente Leeuwarden, 1865-2007 (Bijlagen) | 2000 | | pagina 82