Blad 6
Promoasje Ljimmeuwert as haadstêd fan in twatalige
provinsje
De gemeente Ljouwert wol har profilearje as haadstêd fan de
twatalige provinsje Fryslan. In soad ynstellings dy't har
dwaande halde mei de Fryske taal en kultuer sitte yn
Ljouwert.Wy wolle de sintrumfunksje dy't Ljouwert dêrtroch
foar de Fryske taal en kultuer hat mear ütdrage as oant no
ta it gefal is.
De gemeente kriget alle jierren subsydzjeoanfragen dy't
mooglik passe yn it imagofersterkjend belied. Ofrüne jier
krigen wy subsydzjeoanfragen foar: in hurddraverij op de
Iewal (f 5.000,-), de ütjefte oer Fedde Schurer fan de
Iepenbiere Biblioteek (f 5.000,-), it Stinzefeest fan de
Stifting Fryske Klub Ljouwert (f 1.000,-), Uteinrock
(popfestival foar regiotalen, f 2.000,-) en in ütjefte oer
de skiednis fan it Frysk kostüm fan de Stifting
Kostümkommisje Fryslan (f 1.000,-).
Dêrneist nimt de gemeente seis ek inisjativen. Yn 1999 is
mei op inisjatyf fan de Gemeente Ljouwert in Frysktalich
liet ynstjoerd foar it nasjonale songfestival. Dat hat in
soad publisiteit en in nominaasje foar de Eurovision Artist
Award opsmiten.
Sokke imagofersterkjende aktiviteiten en aksjes bepale foar
in wichtich part it byld dat de minsken hawwe fan Ljouwert
yn relaasje ta de Fryske taal en kultuer.
Wy stelle jimme dêrom üt om yn 2000 in bedrach fan f 12.015
te earmerkjen foar ütjeften yn dat ramt. Om ynspylje te
kinnen op de aktualiteit stelle wy jimme üt om de
portefeuillehalder it mandaat te jaan om ütjeften te dwaan
üt dit budzjet. Wy sille oan de ein fan 2000 by de Kommisje
Wolwêzen ferslach dwaan oer de besteging fan dy middels.
C. It besteande belied
Yn 1989 is it belied fan de gemeente Ljouwert op it mêd fan
de Fryske taal foar it lést beskreaun. Yn in aksjeplan üt
1990 is ütwurke hoe't it fêststelde belied ütfierd wurde
moatte soe binnen de gemeentlike organisaasje. No't mei dit
ütstel op ye nij omtinken jün wurdt oan de Fryske taal en
kultuer, liket it üs goed en jou ek nochris omtinken oan it
earder fêststelde belied.
Yn dit ütstel wurde ütstellen dien oer hoe't de gemeente
har mear profilearje kin as haadstêd fan de twatalige
provinsje Fryslan en hoe't de gemeente mear omtinken jaan
kin oan de bysündere situaasje fan de twataligens. Om dit
belied op in goeie, oannimlike wize üt te fieren, is it fan
belang dat de gemeentlike organisaasje seis by boargers en
ynstellings it byld opropt fan in organisaasje dy't de
twataligens binnen de provinsje en de gemeente serieus
Blad 7
nimt. It besteande belied biedt hjir oanknopingspunten
foar
Wy hawwe it besteande belied op 'e nij yn it omtinken fan
de Direksjerie brocht en frege it belied üt te fieren.
Dêrneist hawwe wy de Direksjerie frege om yn it ramt fan de
nije Kultuernota suggestjes te dwaan foar (nij) belied op
it mêd fan it brüken fan it Frysk binnen de gemeentlike
organisaasj e
Mei it neamen fan it feit dat de Kommisje Wolwêzen yn har
gearkomste fan 16 desimber posityf advisearre hat oer dit
ütstel, stelle wy jimme üt om te besluten neffens it
taheakke konseptbeslüt
Ljouwert, 6 jannewaris 2000.
Boargemaster en wethalders fan Ljouwert,
L.B.M. van Maaren-van Balen, boargemaster
mr. F.M.J. Steijvers, siktaris.