Blad 6 Promoasje Ljimmeuwert as haadstêd fan in twatalige provinsje De gemeente Ljouwert wol har profilearje as haadstêd fan de twatalige provinsje Fryslan. In soad ynstellings dy't har dwaande halde mei de Fryske taal en kultuer sitte yn Ljouwert.Wy wolle de sintrumfunksje dy't Ljouwert dêrtroch foar de Fryske taal en kultuer hat mear ütdrage as oant no ta it gefal is. De gemeente kriget alle jierren subsydzjeoanfragen dy't mooglik passe yn it imagofersterkjend belied. Ofrüne jier krigen wy subsydzjeoanfragen foar: in hurddraverij op de Iewal (f 5.000,-), de ütjefte oer Fedde Schurer fan de Iepenbiere Biblioteek (f 5.000,-), it Stinzefeest fan de Stifting Fryske Klub Ljouwert (f 1.000,-), Uteinrock (popfestival foar regiotalen, f 2.000,-) en in ütjefte oer de skiednis fan it Frysk kostüm fan de Stifting Kostümkommisje Fryslan (f 1.000,-). Dêrneist nimt de gemeente seis ek inisjativen. Yn 1999 is mei op inisjatyf fan de Gemeente Ljouwert in Frysktalich liet ynstjoerd foar it nasjonale songfestival. Dat hat in soad publisiteit en in nominaasje foar de Eurovision Artist Award opsmiten. Sokke imagofersterkjende aktiviteiten en aksjes bepale foar in wichtich part it byld dat de minsken hawwe fan Ljouwert yn relaasje ta de Fryske taal en kultuer. Wy stelle jimme dêrom üt om yn 2000 in bedrach fan f 12.015 te earmerkjen foar ütjeften yn dat ramt. Om ynspylje te kinnen op de aktualiteit stelle wy jimme üt om de portefeuillehalder it mandaat te jaan om ütjeften te dwaan üt dit budzjet. Wy sille oan de ein fan 2000 by de Kommisje Wolwêzen ferslach dwaan oer de besteging fan dy middels. C. It besteande belied Yn 1989 is it belied fan de gemeente Ljouwert op it mêd fan de Fryske taal foar it lést beskreaun. Yn in aksjeplan üt 1990 is ütwurke hoe't it fêststelde belied ütfierd wurde moatte soe binnen de gemeentlike organisaasje. No't mei dit ütstel op ye nij omtinken jün wurdt oan de Fryske taal en kultuer, liket it üs goed en jou ek nochris omtinken oan it earder fêststelde belied. Yn dit ütstel wurde ütstellen dien oer hoe't de gemeente har mear profilearje kin as haadstêd fan de twatalige provinsje Fryslan en hoe't de gemeente mear omtinken jaan kin oan de bysündere situaasje fan de twataligens. Om dit belied op in goeie, oannimlike wize üt te fieren, is it fan belang dat de gemeentlike organisaasje seis by boargers en ynstellings it byld opropt fan in organisaasje dy't de twataligens binnen de provinsje en de gemeente serieus Blad 7 nimt. It besteande belied biedt hjir oanknopingspunten foar Wy hawwe it besteande belied op 'e nij yn it omtinken fan de Direksjerie brocht en frege it belied üt te fieren. Dêrneist hawwe wy de Direksjerie frege om yn it ramt fan de nije Kultuernota suggestjes te dwaan foar (nij) belied op it mêd fan it brüken fan it Frysk binnen de gemeentlike organisaasj e Mei it neamen fan it feit dat de Kommisje Wolwêzen yn har gearkomste fan 16 desimber posityf advisearre hat oer dit ütstel, stelle wy jimme üt om te besluten neffens it taheakke konseptbeslüt Ljouwert, 6 jannewaris 2000. Boargemaster en wethalders fan Ljouwert, L.B.M. van Maaren-van Balen, boargemaster mr. F.M.J. Steijvers, siktaris.

Historisch Centrum Leeuwarden

Raadsverslagen van de gemeente Leeuwarden, 1865-2007 (Bijlagen) | 2000 | | pagina 83