Nümer 7 5 NS/JG DE GEMEENTERIE FAN LJOUWERT neffens it ütstel fan boargemaster en wethalders fan 6 jannewaris 2000 (bijlage nr. 16); der fan ütgeande dat: - de notysje Frysk fan 1989 noch hieltyd jildt as it beliedsramt foar it gemeentlik taalbelied; - der yn 2000 in bedrach fan f 40.000,- beskikber is foar it ütfieren fan belied om de Fryske taal en kultuer yn Ljouwert te befoarderjen; BESLUT: 1. yn 2000 de Afük in subsydzje fan op syn heechst f 16.500,- ta te kennen foar it fersoargjen fan kursussen Frysk yn de Gemeente Ljouwert; 2. yn it kontrakt mei it Friesland College op te nimmen dat der yn it ynboargeringstrajekt foar nijkommers omtinken jün wurdt oan de twatalige situaasje yn de provinsje Fryslan en oan it kursusoanbod fan de Afük; 3. yn 2000 it Friesland College in subsydzje ta te kennen fan op syn heechst f 1.485,- foar it oanbieden fan "Wat en hoe in het Fries" oan alle dielnimmers fan it ynboargeringstraj ekt; 4. yn it ramt fan it Minderhedebelied, Underwiisbelied en Fryske-taalbelied it ferlet fan en de subsydzjemoog- likheden foar kursussen Frysk foar nijkommers as punt fan omtinken mei te nimmen; 5. yn 2000 de Stifting Fryske Klub Ljouwert in start- subsydzje fan op syn heechst f 10.000,- ta te kennen foar de planüntwikkeling fan in Frysk hüs;

Historisch Centrum Leeuwarden

Raadsverslagen van de gemeente Leeuwarden, 1865-2007 (Bijlagen) | 2000 | | pagina 84