5 novimber 2003 De gemeenterie fan Ljouwert, byelkoarop 17 novimber 2003, beslüt: kundskip te nimmen fan it inisjatyf-ütstel fan de fraksjes fan de FNP en SP, 'Ljouwert, frij fan lisinsjes'? kundskip te nimmen fan de reaksje fan it kolleezje op dat inisjatyf-ütstel; akkoart te gean mei de foarnimmens fan it kolleezje op it mêd fan Open Source; te stribjen nei it gebrük fan Open Source by de Gemeente Ljouwert, as op basis fan in öfwaging tusken software mei lisinsjes en Open Source software de léste in positive ütkomst hat en giet oer ta de oarder fan de dei foarsitter, griffier, Oangeande: reaksje fan FNP- en SP fraksjes op reaksje kolleezje inisjatyf 'Ljouwert frij fan lisinsjes'? Yn it foarste plak binne de fraksjes fan de FNP en SP der wiis mei dat it kolleezje it belang fan Open Source- üntjouwings Onderkent, en ree is om in neier Ondersyk dwaan te litten nei de mooglikheden fan Open Source binnen de gemeente. It is bygelyks ek tige posityf dat de nije website fan de gemeente Ljouwert mei Open Source makke is. Op 30 oktober liezen wy al in berjocht op de website fan Omrop Fryslan dêroer (sjoch hjiründer). As wy dan konkreet sjogge nei de besluten dy't wy oan de gemeenterie foarlizze woenen, dan wurde yn alle gefallen trije fan de fjouwer beslutpunten troch it kolleezje oernommen. Dat binne: it kolleezje is ree om medio 2004 in beliedsnota oan de gemeenterie te presintearjen mei dêryn in oersjoch fan de mooglikheden fan Open Source Software. Dat komt oerien mei üs twadde beslütpunt, allinnich soe it wurd 'Tuskenrapportaazje' dan ferfongen wurde moatte troch 'Beliedsnota'; it kolleezje sil de gemeenterie dêrnei ek periodyk ynformearje oer de fuortgong fan it tapassen fan software op basis fan Open Source en Open Standaarden; as dat ienris yn it jier is (bygelyks by de jierrekken), dan komt dy tasizzing oerien mei wat wy by beslütpunt 4 freegje; de reaksje fan it kolleezje giet oer in 'Beleidsnota' en de FNP en SP oer in 'Kademota'. Dat ünderskied mei hinnebruie fansels. Wy begripe dat it kolleezje in wiidweidich ündersyk dwaan sil nei de mooglikheden, konsekwinsjes en risiko's fan Open Source. Fierder sil dan yn 2005 in beslüt nommen wurde oangeande it ferlingen fan it kontrakt mei Microsoft op basis fan in öfwaging fan de (finansjele) kondysjes. lennich beslütpunt wat dan noch oerbliuwt is dat de gemeente Ljouwert, by in te ferwachtsjen positive ütkomstfan Open Source te'n oansjen fan software mei in lisinsje, stribbet nei it gebrük fan Open Source as der in kar dien wurde moat. Dêroer soenen wy de gemeenterie dan op in ütspraak fergje wolle, hjiründer stiet dêrom üs nij ütstel. Foar de FNP-fraksje: S. Posthumus Foar de SP-fraksje: J. Van der Wal

Historisch Centrum Leeuwarden

Raadsverslagen van de gemeente Leeuwarden, 1865-2007 (Bijlagen) | 2003 | | pagina 278