de mooglikheid om te kiezen üt leveransiers dy't de winske wizigings of ütwreidings fersoargje kinne, of, as de ekspertise yn 'e hüs is, dat seis te fersoargjen. Dy mooglikheden om te kiezen soargje foar in priisferleging. Ommers, mear oanbieders liede ta mear konkurrinsje. It bestjoeringssysteem Linux, as prominint foarbyld, is yn earste ynstansje opsetten en ünderhalden troch frijwilligers. It moaie fan it systeem is dat brükers oeral op de wrald it systeem yn wêzen feroarje of ferbetterje kinne, sünder dat soks daliks yn de papieren rint of opkeard wurdt troch oktroaien fan offisjele ynstansjes. De léste tiid krijt it programma de fuotten aardich ünder it gat. De Dütske oerheid hat ferline jier besletten om oer te stappen op dat systeem, en ek Philips hat mei 7 branche-genoaten, mei ünder oare Sony, in gearwurking sluten om it bestjoeringssysteem te ferbetterjen. De bedriuwen hawwe foar Linux keazen, om't it in iepen standert is, om't it goed te brüken is foar produkten dy't mei-elkoar yn ferbining steane en ek om't Windows as 'te djoer' sjoen wurdt (LC 2 july 2003). Op tal fan plakken binne inisjativen om te kommen ta in alternatyf systeem foar in tsjinhinger fan Microsofts' Windows. Net allinnich yn gemeentelan en ek net allinnich yn Europa. As wy nei oare gemeenten sjogge, dan is der yn Grins in inisjatyf, en ek yn Eindhoven en Nijmegen sil ündersyk dien wurde hoe't Open Source-software ymplementearre wurde kin. Yn Beieren wol de stêd München, mei 16.000 amtners en 14.000 PC's seis hielendal oer op it systeem Linux (http://www.ftd.de/tm/it/1053857169041 ,html?nv=cptn In hiele nijsgjirrige üntjouwing is dat IBM oeral yn de wrald Linux-centres opsette wol, om bedriuwen, oerheden en ynstellings te helpen om Linux as meast gaadlik open source programma te brüken (Intermediair, 5 juny 2003). Yn it lan dêr't Microsoft syn thüshaven hat, Amearika, brükt it ministearje fan Definsje üt strategyske redenen op tal fan plakken ek eigen software, om't it net te öfhinklik wêze wol fan ien leveransier. Der binne fierder ek noch kombinaasjes mooglik tusken open source software en 'proven software'. Op ryksnivo rint it programma OSOSS (Open Standaarden en Open Source Software voor de overheid, sjoch www.ososs.nl), om de mooglikheden en ünmooglikheden fan it tapassen fan open source software no en yn de takomst te ünderskieden, by bestjoeringssystemen, kantoarsoftware, webtapassings, gemeentlike tapassings ensfh. It Nederlanske regear stribbet ek nei it gebrük fan 'Open standaarden'. Op Frysk nivo partisipearret üs gemeente yn de Vereniging van l&A (Informatisering Automatisering) coördinatoren van gemeenten (VIAG), regio Fryslan. Fansels om ek hjir gearwurking op dat mêd te sykjen. In soad inisjativen dus, en by guon dêrfan kin Ljouwert him grif goed oanslute. Yn 2002 is de ICT Visie "Stroom" ferskynt. Dér stiet ünder oare it folgjende yn: 'Voor Leeuwarden, dienstenstad bij uitstek en kennis- en onderwijscentrum van formaat, zijn de ICT ontwikkelingen cruciaal. Het goed benutten van de mogelijkheden die ICT biedt, is doorslaggevend in het bereiken van onze doelstellingen'. ICT as katalysator dus! Ien fan de meast aktuele üntwikkelings is de opkomst fan de Open Source-software. Yn de ICT visie wurdt net praat oer it ünderwerp fan de Open Source. 'Open source' is fierder oant no ta ek net beskreaun yn offisjele gemeentlike Ljouwerter beliedsstikken. It hat, om koart te kriemen, net it omtinken krigen dat it takomt, alteast net yn bestjoerlike rünten. De tiid haldt lykwols gjin skoft. De gemeente wol net oerlevere wêze oan 1 of in pear leveransiers, om't dan in te grutte öfhinklikheid fan dy firma üntstean soe. As de kar foar iepen standerts ienkear makke is, sille dy standerts brükt wurde as in wichtich seleksje-kritearium by it ynkeapbelied. De kar foar oare software en/of oare leveransiers past ek by it stribjen om it opdrachtjouwerskip fierder üt te bouwen. De gemeente moat én wol in folweardige spiler wêze op dit mêd, en op in profesjonele wize ynkeapje kinne. «iii -'.■v.-X fiw De earste oanlieding om te kommen ta in inisjatyf op dit mêd wie, dat de kosten fan de software foar de gemeente Ljouwert de léste jierren gigantysk tanommen binne. Allinnich al yn 2002 mei 0,3 miljoen ekstra Qierrekken 2002). Hoefolle de kosten mei-elkoar per jier binne, is amper nei te gean, mar üs ynskatting is dat dêr gau mear as 1,0 miljoen mei anneks is. Der binne mear as 200 applikaasjes dy't op de gemeentlike server draaie (fan Centric, webapplikaasjes, DIS etc.), mei per applikaasje meastentiids in aparte ünderhalds- en lisinsje-oerienkomst. Düdlik is wol dat de grutste stiging fan de kosten yn de software fan de firma Microsoft sit. Dy software wurdt ek it meast brükt. Faak binne open source programma's fergees om te krijen. Ut in ündersyk fan it Switserske advysburo Soreon Research (sjoch http://www.webwereld.nl/nav/nb714984) die bliken dat foaral grutte bedriuwen of organisaasjes jild besparje as sy open-source software brüke. Foar lytse bedriuwen berekkenet Soreon beheinde besparringen fan 2 oant 7 prosint. Gruttere bedriuwen en organisaasjes, mei in software-budzjet fan in miljoen euro kinne neffens de ündersikers lykwols oant 20% besparje as sy oerstappe op Open Office, in open source- alternatyf foar Microsofts kantoarsoftware. Organisaasjes dy't it Windows-bestjoeringssysteem foar servers de doar ütdogge en kieze foar Linux, besparje neffens Soreon al gau 30 prosint Mei 1.000 wurknimmers en in software budzjet fan om ende by in miljoen euro heart Ljouwert seker by dizze léste kategory. It soe betsjutte dat in besparring fan 2 oant 3 ton op jierbasis seker ta de mooglikheden heart. It liket üs nijsgjirrich om soks te ündersykjen. lepenheid en betrouberens fan bestjoer is ek in reden om foar open source programma's te wêzen. As je as brüker bygelyks gjin tagong hawwe ta in beskaat dokumint dat op in programma draait dêr't jo gjin ferbining mei krije kinne, haldt it ferhaal op en is de ynformaasje net op te heljen. Yn wêzen is it in hiele minne saak dat tal fan wichtige dokuminten fan de oerheid, lykas foar subsydzjes en fergunnings, faak op 'sletten' programma's draaie en gjin keppeling mei oare programma's hawwe. Eins is soks ündemokratysk, om't beskate minsken en organisaasjes dy't dy programma's bewust of Onbewust net hawwe, of se net betelje kinne, sa ütsluten wurde fan in stik ynformaasjefoarsjenning, mei alle gefolgen dy't dêrby hearre (kinne). Noch eefkes öfsjoen fan alle minsken dy't gjin ynternet hawwe, of der (noch) net goed genöch mei omgean kinne. Mar, tink bygelyks ek oan stimmasines. By stimmasines is ek min ofte mear sprake fan in monopoaly-posysje fan ien bedriuw (Nedap). As in oerheid, of in eksterne kontrolearjende firma fanwege te min kennis of fanwege in minne tagonklikheid ta de programma's sa'n masine net hifkje kinne op betrouberheid, is it mooglik dat de ferkiezings manipulearre wurde. Dat is de konklüzje fan in geheim rapport dat opsteld is yn opdracht fan it lerske regear (sjoch ek www.webwereld.nl/nieuws/13451 .phtml). Unöfhinklikens De oerheid, en dêrmei ek in gemeente as Ljouwert, is op dit stuit swier öfhinklik fan in hantsjefol Side 2 Net allinnich Ljouwert Ramt Side 3 Wêrom Open source?

Historisch Centrum Leeuwarden

Raadsverslagen van de gemeente Leeuwarden, 1865-2007 (Bijlagen) | 2003 | | pagina 281