Gemeente leeuwarden Oldelioofsterkerkhof 2 Postbus 21000 8900 JA Leeuwarden Telefoon 058 233 88 33 Inisjatyf oardering Frysk yn it offisjele ferkear Skaaimerk 123 314 dp Oan de gemeenteried, Ynlieding De gemeente Ljouwert hat wat talen oangiet in tige rike situaasje: üt ündersiken docht bliken dat hjir alle dagen 62 ferskate talen brükt wurdeWat de ferhaldingen oangiet, is üt it meast resinte ündersyk fan de Fryske Akademy kommen dat sa'n 35% Nederlansk praat, 3 0% Frysk, 25% stedsfrysk (Liwwadders) en 10% in oare taal (faak talen fan nij-ynkommelingen, sa as Turks, Koerdysk, Berbers, Dütsk, Ingelsk, Arabysk, ensfh.}. Yn it kontakt tusken de yndividuele boargers en de oerheid is it sa regele dat yn it skriftlik ferkear yn Fryslan de beide rykstalen (Nederltnsk en Frysk) brükt wurde kinneDe posysje fan it Nederlansk is goed waarboarge yn grünwet en Algemiene Wet Bestjoersrjocht (AWB)Foar it Frysk wurdt advisearre om in saneamde 1Taaloardering Frysk' te brüken. In soad gemeenten op de fêstewal fan Fryslan hawwe al in taaloardering Frysk. Der binne ek in stik as wat gemeenten mei dwaande op't heden (bygelyks Snits). De gemeente Ljouwert hat dat noch net. Wêrom is in taaloardering fan belang? Yn it foarste plak jout it de gemeente seis mar ek de boarger wissichheid dat der yn beide rykstalen (Frysk en Nederlansk) kommunisearre wurde kin. It rjocht om dy beide talen te brüken stiet büten kiif, it is ünder oare opnommen yn it Europeesk Hanfêst foar regionale- en minderheidstalen en yn de Algemiene Wet BestjoersrjochtSa stiet bygelyks yn artikel 2.7 lid 1 fan de AWB dat 'Een ieder kan de Friese taal gebruiken in het verkeer met bestuursorganen, voor zover deze in de provincie Fryslan zijn gevestigd' En artikel 2.9 fan de Algemiene Wet Bestjoersrjocht stelt dat de yn de Provinsje Fryslan festige oerheidsorganen eksplisyt regels stelle kinne foar it brüken fan de Fryske taal yn skriftlike stikken. Yn it Europeesk Hanfêst, dat troch de Nederlanske steat ratifisearre is op 2 maaie 1996, yn wurking steld is op 1 maart 1998 en ünder oare op it Frysk fan tapassing is, stiet by it kopke Administrative autoriteiten en publike tsjinstferliening' ünder oare it folgjende: Kêst 10, lid 1, a (v)De oerheden ündernimme aksje om derfoar te soargjen dat brükers fan de minderheidstalen dokuminten stjoere kinne yn har eigen taal; Kêst 10, lid 1, c: It wurdt de oerheden mooglik makke om dokuminten yn de oanbelangjende minderheidstalen op te stellen,- Kêst 10, lid 2, a: De ryksoerheid stimulearret it brüken fan de minderheidstaal by de regionale en lokale oerheden; Kêst 10, lid 2, b: de mooglikheid foar brükers fan de regionale talen om sawol münling as skriftlik yn kontakt te Sjoch dizze stêd; sjoch wat der mnom bart - It aide spegelet him yn wat de takomst hat - Piter Terpstra 13

Historisch Centrum Leeuwarden

Raadsverslagen van de gemeente Leeuwarden, 1865-2007 (Bijlagen) | 2006 | | pagina 85