Gemeente leeuwarden
Oldelioofsterkerkhof 2
Postbus 21000
8900 JA Leeuwarden
Telefoon 058 233 88 33
Inisjatyf oardering Frysk yn it offisjele ferkear
Skaaimerk 123 314 dp
Oan de gemeenteried,
Ynlieding
De gemeente Ljouwert hat wat talen oangiet in tige rike
situaasje: üt ündersiken docht bliken dat hjir alle dagen
62 ferskate talen brükt wurdeWat de ferhaldingen oangiet,
is üt it meast resinte ündersyk fan de Fryske Akademy
kommen dat sa'n 35% Nederlansk praat, 3 0% Frysk, 25%
stedsfrysk (Liwwadders) en 10% in oare taal (faak talen fan
nij-ynkommelingen, sa as Turks, Koerdysk, Berbers, Dütsk,
Ingelsk, Arabysk, ensfh.}.
Yn it kontakt tusken de yndividuele boargers en de oerheid
is it sa regele dat yn it skriftlik ferkear yn Fryslan de
beide rykstalen (Nederltnsk en Frysk) brükt wurde kinneDe
posysje fan it Nederlansk is goed waarboarge yn grünwet en
Algemiene Wet Bestjoersrjocht (AWB)Foar it Frysk wurdt
advisearre om in saneamde 1Taaloardering Frysk' te brüken.
In soad gemeenten op de fêstewal fan Fryslan hawwe al in
taaloardering Frysk. Der binne ek in stik as wat gemeenten
mei dwaande op't heden (bygelyks Snits). De gemeente
Ljouwert hat dat noch net. Wêrom is in taaloardering fan
belang?
Yn it foarste plak jout it de gemeente seis mar ek de
boarger wissichheid dat der yn beide rykstalen (Frysk en
Nederlansk) kommunisearre wurde kin. It rjocht om dy beide
talen te brüken stiet büten kiif, it is ünder oare opnommen
yn it Europeesk Hanfêst foar regionale- en minderheidstalen
en yn de Algemiene Wet BestjoersrjochtSa stiet bygelyks
yn artikel 2.7 lid 1 fan de AWB dat 'Een ieder kan de
Friese taal gebruiken in het verkeer met bestuursorganen,
voor zover deze in de provincie Fryslan zijn gevestigd'
En artikel 2.9 fan de Algemiene Wet Bestjoersrjocht stelt
dat de yn de Provinsje Fryslan festige oerheidsorganen
eksplisyt regels stelle kinne foar it brüken fan de Fryske
taal yn skriftlike stikken.
Yn it Europeesk Hanfêst, dat troch de Nederlanske steat
ratifisearre is op 2 maaie 1996, yn wurking steld is op 1
maart 1998 en ünder oare op it Frysk fan tapassing is,
stiet by it kopke Administrative autoriteiten en publike
tsjinstferliening' ünder oare it folgjende:
Kêst 10, lid 1, a (v)De oerheden ündernimme aksje om
derfoar te soargjen dat brükers fan de minderheidstalen
dokuminten stjoere kinne yn har eigen taal;
Kêst 10, lid 1, c: It wurdt de oerheden mooglik makke om
dokuminten yn de oanbelangjende minderheidstalen op te
stellen,-
Kêst 10, lid 2, a: De ryksoerheid stimulearret it brüken
fan de minderheidstaal by de regionale en lokale oerheden;
Kêst 10, lid 2, b: de mooglikheid foar brükers fan de
regionale talen om sawol münling as skriftlik yn kontakt te
Sjoch dizze stêd; sjoch wat der mnom bart - It aide spegelet him yn wat de takomst hat - Piter Terpstra
13