- 4 - Fansels witte viij ek wol dat in great part fan it totael-budget fuortgietut jown wurdt oan en foar saeken hwerta yn 't forline bisletten is„ sawol as oan forplichte dtjeften foar lean<".n, rinte, ensf. Mar dochs bliuwt der nei it bitinken fan us fraksje noch wol hwat oer to fordielen. We binne derora fan miening dat it kolleezje yn gearwurking raei de rie, raei groepen lit 'e bifolking, mar sanoadich ek mei individuen in plan foar belied opstelle moa.t, dat op aile sektoren fan it belied de doelen yn ûnderling forban oanjovrt, mar dat ek tagelyk de mate en de tiid hweryn dizze realiseare wurde kinne mei help fan lconkrete programma's fan aktiviteiten oanjouwt. It sprekt foar himsels dat it bistjûr lieding jaen moat en moatte lcin oan it proses fan in maetskiplike ûntwilckeling hweryn de mir.ske sintrael stiet. Hjirfan ûtgeande is der gjin romte mear foar in oerhearslcjende jildelike oanpak. We miene dat bij dizze oanpak it jild, deftich sein:"budgettaire overwegingen" alhiel op 'e ein fan 'e rit oan 'e oarder komt en dat sa it aksint mear komt to lizzen op belied. It is net noadich to sizzen, dat it gemeentebistjur gau en op maklike uize de foarkarren oarslizze moatte lcin binnen it ramt fan 'e jildelike tastân. It lilcet ds fraksje ta. dat min wurkjend op dizze wize de rie mooglikheden jaen kin to kiezen lit in aantal alternatieven sawol oan 'e kânt fan 'e dtjeften as oun dy fan de yn- lcomsten. In oar foaxdiel - mar fan minder greate bitsjutting - is neffens us fraksje dat min net mear a„s riedslid op ein fan it jier hastich, faek to hastich, ailes oersjen moat, mar dat min yn 'e rin fan it jier mei elkoar komme kin ta utgongspunten fan belied yn 'e lcommende jierren, sadat ek it nimmen fan ad-hoc bisluten foar it greatste partfoarlcommen wurdt. Boppedat kriget de rie sa mear kâns om it jierlikse bedrach foar hwat min neame kin "frije besteding" hwat omheech to bringen. Mar it wichtichste foar sa'n beliedsplan bliuwt foar us it feit dat de burger mear ynsicht krijt yn 'e plannen, it belied fan 'e gemeente en nei wy forwachtsje ek mear ynteresse derfoar. We miene dat as min komme kin ta in foarm sa as hjirre krelct sketst is, de burger bij it belied folle mear bilutsen wurdt en dat it witten fan hoe en hwat wolle wij yn en mei us gemeente mear yn.hald hat dan in bihanneling fan de bigreating yn it iepenbier, sûnder dermei sizzen to wollen, dat it leste net hoecht. As fraksje wolle we it kolleezje derom freegje om œr net al to lange tiid to kommen mei in ûntwerp/foarstel dtgeande fan »e gedachten dy't we sakret neamd ha. Foarsitter, nei dit algemiene diel fan de biskôging- ilc wit it is hwat lang wurden - mar om it mei jou eigen wurden to sizzen "ik moat ek allinne tsjin in man âs tsien oanpraete - wol ik mij nou foar safier as mooglik en needsaeklik hâlde oan 'e folchoarde fan 'e punten, leaver sein ûnderwerpen, neamd yn 'e oanbiedingsbrief by de bigreating. Algemien. Ut de sifers hwat it aantal ynwenners oangiet kin opmakke wurde tht der dit jier in tanaeme wie fan sa'n A/o. Dit persintaezje lit sjen de saneamde fette jierren ek foar ils gemeente hwat dit oanbilanget foarbij binne. Fansels binne foar dizze gccg fan saeken in oantal oarsaeken oan to wizen, mar boppe oan dit listje fan oarsaeken sil irai stean moatte: de minder goede - en dat is dan seft sein - ekonomyske situaesje yn us lan en der bûten. •t Gefolch is dat in protte minsken hoedener wurde en in dubeltsje werder ris goed bisjen geane, foardat hja it utjowe. Om 't sels de kBnpste ekonomen yn 'e westelike wrald sizze, dat dizze to bekset yn *e ekonomy-fuortdaliks net forholpen is, ea't er ea to forhelpen is -, liket it us fraksje saek dat it kolleezje goed utsjocht en neitinkt, foarsichtich en hwat Sfwachtsjend is, as mei de bouw yn 'e Orient utein set wurdt en dat de bou dan tige "gefaseerd" pleats fynt. Elc leechstân kostet in protte jild. Iepenbiere feilichheit, Op frafgen ut 'e seksjes oer de gefaerlilce krûspunten bij foaral de pleats fan Sinnema en de oergong Menno van Coehoornwei—Brédylc andert it kolleezje dat der net folle - as leaver sein neat - oan to dwaen fait hwat it feilicher meitsjen dèr fan oanbilanget en dat min viol wachtsje moatte sil op 'e nije wei, hwer't min op syn gaust oer fjouwer jier mei bigjint.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1975 | | pagina 72