Nûmer wurklist 13
Foarstel 75/90
Stiens, de 13e fan 'e blommemoanne 1975
Underwerp
bydrage ûtjefte boekvmrk
Oan
de gemeenteried
Fan it Haedbistjûr fan it Kristlik Frysk Selskip is in forsyk ynkommen om in
bydrage ut de gemeentekas fai f. 350»foar de ûtjefte fan in bondeltsje mei
in karlêzing ut de artikels dy't de hear Thomas Bakker fan Stiens de leste
jierren yn "De Stim fan Fryslân" en "De Stiennen Man" publisearre hat.
It Haedbistjûr fan it Kristlik Frysk Selskip is fan doel dizze ûtjefte to
birêdden yn 'e mande mei de Kristlik Fryske Folksbibleteek.
Ueffens it Haedbistjûr fan It Kristlik Frysk Selskip binne de artikels mear
as sljucht weihinne journalistyk, hwant de hear Bakker jowt djipgeande prin—
sipiële skôgings oer de grounslagen fan de Fryske Biweging en de problemen dêr
't hja mei to krijen hat.
Keffens it Haedbistjûr hawwe hja in bliuwende aktualiteit en is it dêrom in
goed ding dat it wichtichste dêrfan yn in duorsume foarm bivrarre bliuwt.
De tinzen fan it Haedbistjûr geane lit nei in boekje fan likemoch 64 siden yn
in oplaech fan 500 eksemplaren op syn heechst. Om't de kosten fan dizze op-
laech om ende b.y f. 3.500,binne en it uteraerd ûnwis is hoefolle eksem
plaren forkoft vrurde, wol men net heger gean as dit tal. It Haedbistjûr is
fan bitinken dat it risiko foar harren allinne to great is en freget dêrom
oan ûb gemeente in bydrage yn 'e kosten fan f. 350,as subsydzje foarof,
of as bydrage yn in mooglik tokoart.
Om't wy fan bitinken binne dat de litjefte fan dit bondeltsje nuttich is en de
skriuwer hjirfan yn us gemeente vrennet, stelle wy jo foar dit subsydzje yn 'e
foarm fan in bydrage yn in mooglik tokoart ta to sizzen.
Boargemaster en wethûlders fan
de siktaris,
Ljouwerteradiel
de boargemaster,
J.P. v.d. K00I
H. B0SCHMA