bijlage 1 BeskÔgingen F.N.P. fraksje FDARSITTER, AONWEZIGEN, De F.N.P. is yn myn twadde riedsrite wer uteinset mei ien sit yn de Ried. No dan witte jo wer wat jo as lytse fraktie tusken de gruttere te dwaan stiet, nammentlik wat tusken dizzen hinne lavearje of gearwurkje. Krekt foar de ferkiezing is hjir binende wer in polityke forumgearkomste hâlden. As ik dêr fêststel dat ferkiezingsprograms net al te fôlle foarstelle, omdat hja nei sa'n barren de foarnimmen al gau fergetten, dan fin ik no dat ik de plank net fier mislein haw. Doet bygelyks it Frysk yn it offisiële ferkearyn ien fan de earste gearkomsten fan de nije ried oan de oarder kaam, wienen der inkelden, wha harren n.b. ferkiezen litten ha op in program weryn stiet dat it Frysk aktiveare en stimuleare z wurde moat, die stelden dat se it Frysk wol aardich fine, mar men komt der toch net fierder mei as Wolvega. Gelokkich wie it mar in minderheid, wha har eigen ferkiezingsprogram hjiermei fertrapen. Tink ek efkes oan de troch de frakties gearstelde beli8dsnota, wer û.o. yn stiet dat de struktuer foar de middenstân yn it sintrum fan Stiens ferbettere en befoar- dere wurde moat. Nei de lêste riedsgearkomste witte wy wat sommige riedsleden hjir ûnder ferstean. Ynpleats as ried deroan mei te wurkjen dizze foar sjinnigen foar Stiens en om- kriten feilich te stellen en it ferdwinen fan in oantal saken by in groeiend ynwennersoantal tsjin te gean, hawwe hja it nedich foen mear rekken te hâlden mei inkelden en dêrtroch intiatieven foar ferbettering nei in oare wrâld to helpen en sadwaande meitsje hja wer in stikje fan har ferkiezingsprogram en biliedsnota net wier. De greatte soarch fan de F.N.P. is dat de minsken mekoar sa min begripe. Is de nije ried wol ûntfanklik foar it lizzen fan in ferbân tusken de ferskate belangengroepen en kin se wol in belied delsette yn it belang foar de gehiele gemienskip? Moatte de wenwinsken fan de neiboubewenners net yn in greatter ferbân besjoen wurde, namentlyk mei it bestean en krewearje fan middenstân. agrariërs en oare ferskate ûndernimmers? Is de ried wol sakelyk genôch? Mear ynspraak en meipraten is fan greatte waarde, mar in 'utslutsel moat net allinnich yn it belang wêze fan inkelden moar foar de hiele gemienskip, en boppedat moat men ek es ta in beslut komme. Ik haw wol myn betinkens oer it praktysk ynsjoch fan inkelde riedsleden wha neffens my in te behâldene groepspolityk foarstean.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1979 | | pagina 27