bijlage 2
Foarsitter,
Doe't wy tidens de seksje-gearkomste oer de algemiene skôgingen praetten
wianen wy it der allegearre oer iens, dat we dit jier koart krime koenen.
We ha allegearre us program, dat hjir oer kin men bysûnder koart wêze.
Ik kin net nei litte it ôfroune jier noch efkes oan myn tinzen foarby gean
to litten.
Ek dit jier binne der op gemeentelyk mec* wer in protte dingen bard.
We ha û.o. ek forkiezings hawn, foar de V.V.O. hie dit ta gefolg dat we
it mei in setel minder dwaen moatte.
Der binne politicicës 't sa moai praete kinne dat hja forlies yn winst omsette
kinne, ik bin sa folle mânsk net.
Fjirders is it oansjen fan Stiens noch al wat foroare, it nije Skilhiem is der
by kommen en net to forjitten de moune, it heard faeks wat eigenwiis, mar
ik bin bliid dat ik it bislut ta it wer opbouwen fan dizze moune mei nimme mocht.
Sa binne der noch wol mear dingen to neamen, ik wol dat net dwaen.
Ek oer de bigreating wol ik dizze loop net folle sizze, allinne dit, eare wha't
eare takomt, ik kin net neilitte it kolleezje fan B. en W. lok to winskjen mei
in bihear hwerby it net nedich blykt to wezen de bilestingen to for heegjen.
Yn dit tige koarte bistek wol ik net fjirder op de zaken yngean( de programma's
sprekke foar sich.
Ik kin lykwols net neilitte myn tank ut to sprekken oan it gemeente personiel
dat altyd flot de frege ynljochtings joech^in riedslid kin net sûnder deze
service troch de amtners forlient.
In bysûnder wurd fan tank oan de fa. Hottinga, de forsoarging wie pur bêst en
dat is us hiel hwat wurdich.
□an it kolleezje fan B. en W. hwa't der aenst ek yn sitte meije soe ik sizze
wolle, ik winskje jimme ta dat de ried ek yn it kommende jier bisluten nimme
sil, dy't jimme mei nocht utfiere sille.
H.A.J. Boersma