- 2 - Yn syn algemienheit is de ried de lêste jieren mear polityk bewust nei foaren kommen. Der hat in aksint-forskouing plak foun, krigen earst de riedsleden de stikken fan it Colleezje fan B. en W.nou komme in soart stikken fan de riedsleden op de tafel fan B. en W. It spul is omdraai t de Boargemaster en Wethâlders binne nêst promotor ek koordinator wurden. Dan dit der noch by dat der yn sunderheit ynlytssre gemeenten gjin genôch ambtners binne dy't de taek fan in wethâlder bihoarlik forlichtsje kinne. Ien fan de urgente saken is yn de nabije takomst dan ek in organiseasje - funksje ûndersyk by it ambtnerkorps yn us gemeente, faeks dat der hwat mear delegeart wurde kin, alhoewol dat de C.D.A.-fraksje dudlik stelle wol, dat de polityke forantwurdlik- heit bij de headen bistûrders yn dit gefal by de wethâlders bliuwe moat. 2e punt yn dizze algm. beskôging:bistek '81. Neffens de oanbiedingsbrief sil der yn 1979 in 70.000 gûne minder ynkomme fan it Ryk, as it bistek '81 sa as it der hinneleit. utfierd wurd. Ek us gemeente sil dus bydrage moatte oan de biperking "Fan de groei fan oerhiets utjeften. Dat is ek net mear as billek as it nasjionaal ynkommen hast net heger wurde sil, sille de ynkomsten van belêstingen ek net stige dus hwat krapper om de hoek dat is ek net slim. Untwikkelings-gearwurkingWy steane foar it stipjen sa moochlik in 1e oanstiet jaen by aksjes fanut de boargerij it behoefte fan dizze ûntwikkelingsheid Ek in pleatslike oerheit sil meifiele omtinken jaen moatte, oan minder befoarrjochte groepen yn'e 3e wrâld. Ik tink hjir yn dit forbân oan de wurden fan in âld Stienserî Piter Jelles Troelstra. Do'd hy ris mei syn soan oan tafel siet to iten, foel syn soan it op dat syn heit in bytsje iet. Op syn fraech: "Werom yt heit sa'n bytsje", andere Piter Jelles "Sjoch Jelle, ik gean joun fuort to spreakken foar ljue fan hwa ik witdat hja meastentiids mei honger yn'e hais omrinne. Dan kin ik dêr dochs net mei in fol liif stean to spreakken De greate foarman fan it sosialisme hie begryp foar de sitewaesje. Nettsjinsteande dizze smellere beurs stelt it Colleezje foar om allinnich de reinigings- rjochten mei 3j% te forheegjen m.o.w. gemiddeld f 2,50 per gesin per jaar omheech, foar de bidriuwen wurdt dit jusjes heger.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1979 | | pagina 31