- 3 - Ek by dizze forheging wurdt noch mar 65% fan de werklik* kostpriis troch de gebrûker betelle. De C.D.A.-fraksje giet dan ek akkoord mei it foarstel om de reinigingsrjochten to forheegjen mei 3j%. Wy binne fan betinken dat it kollezje op de goede wei is gjin ekstra oanslach op de beurs fan de ynwenners fan us gemeente to dwaen, nettsjinsteande dus de mindere ynkomsten fanwege bistek '81, en nettsjinsteande in bihoarlike list fan dingen dy't op de urgensje list foar de kommende jierren foarkomme. Om't it belied de leste jierren in bilied fan "fisie" west is - en lokkich stie de mearderheit fan de ried hjir efter it Kolleezje - kinne wy ek yn '79 hiel hwat wurken op priemen sette en hopenlik utfiere, sjoen ut oerskot op de bigreating. De C.O.A.-fraksje is fan betinken dat foarrang hawwe moatte sa moachlik, by post: Algemien Bihear. It sa krekt al neamde organisaesje-funksje ûndersyk, hjirby tagelyk mei nimme funksje wurdearring en husfesting ûndersyk. Dit leste yn forbân mei in sa moochlike utwreiding fan it gemeentehus. Faeks soe hjir al in bidrach foar reserfearre wurde kinne? By Iepenbiere wurken forbettering 1e gedielte fan de Truerderdyk en oanskaffing nije frachtauto by gemeentewurken Forbettering Leijesterpaed te Hyum soene wy bisjen wolle yn it kader fan de utwreiding yn dit doarp. Yn it wol wêzen plan, tinke wy binammen oan in ûnderkommen foar de frijetiidbesteging foar de bejaarden. Soe nêst Koarnjum, Aide Leije en Hyum ek yn Stiens en Britsum nochris in doarpshûs as yn elts gefal seal-akkomidaesje, komme kinne? Ek it wurk fan 8-88 yn Britsum freget romte foar har kultureel en creatyf wurk. Foarsitter, wy soene op dit mêd wol troch gean kinne; 'k wol noch in pear dingen oanstippe. It beboskingsplan yn Ruilforkafelings-forbân. Bebouwing tusken Burmaniawei en Noarderfjildwei v/h Spoarbuert. Bestimming Pyter Jurjenshôf, bifoardering leefberheit lytse doarpen (dit komt mei koarten yn de ried nei oanleiding fan it streekplan Alternativen)Ek hjiryn in eigen gemeentelik belied fiere. Utwreiding bibliotheek yn Stiens. Un't algemien inkelde opmerkingenby iepenb. oarder en feiligens. It ta stân kommen fan in gemeentelik rampenplan. Waarborgen fan de privacy en de frije libbensfear fan de boargers, nou't de automa- tisearring en it forwurkjen fan persoanlijke gegevens sa'n flecht nimt yn it computer stelsel

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1979 | | pagina 33