- 4 - Ny Bou: hoe fierden Koarnjum, nou't it beisteande plan hast fol is, □fwachtsje op straaljager zûnder laweai, as bouwe lyk as der oan nou ta bard is en blykber hjirmei oan winsken fan de boargers foldien sjoen de bilangstelling foar dizze huzen. It Skil: de earste oanfragen lizze der al om yn de frije sektor te bouwen. Fan us kant gjin biswier om yn dizze sektor to begjinnen sadré it fan hegerhân tastien wurdt. Foarsitter, dit wiene dan inkelde beskôgingen fan ut in fraksje. Flopenlik kinne wy hjir letter noch ris wer oer redendiele as collège en Ried yn aile sounens en reedlikheit. Dy sounens winskje ik jim allegeare ek ta. Wy kinne wêromsjen op in goede forstânhâlding ûnderling, dat is tige wichtig en bistjûrders fan in gemeente. By dizzen tank oan personiel siktaris gem.wurken ynsûnder personiel bûtenstjinst yn waer en wyn, faak in great part fan't jier op strjitte, fytspaden plantsoenwurken ûnder "in wakend" each fan de boarger. En Hottinga en frou, bitankt foar de goede soargen as wy hjir yn't gemeentehûs ferbliuwe. Wy hearre al in bytsje by jim gesin Allegeare goede krystdagen en in lokkich 1979 tawinske. De frede wêr't kristtiid fan sprekt winskje ik allegear ta, yn 't witten dat wy minsken fan dizze ierde, der allegeare baet by hawwe sille, nou en yn de takomst. S. Jansma

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1979 | | pagina 34