- 4 -
Ny Bou: hoe fierden Koarnjum, nou't it beisteande plan hast fol is,
□fwachtsje op straaljager zûnder laweai, as bouwe lyk as der oan nou ta bard is
en blykber hjirmei oan winsken fan de boargers foldien sjoen de bilangstelling foar
dizze huzen.
It Skil: de earste oanfragen lizze der al om yn de frije sektor te bouwen.
Fan us kant gjin biswier om yn dizze sektor to begjinnen sadré it fan hegerhân
tastien wurdt.
Foarsitter, dit wiene dan inkelde beskôgingen fan ut in fraksje.
Flopenlik kinne wy hjir letter noch ris wer oer redendiele as collège en Ried yn
aile sounens en reedlikheit.
Dy sounens winskje ik jim allegeare ek ta.
Wy kinne wêromsjen op in goede forstânhâlding ûnderling, dat is tige wichtig en
bistjûrders fan in gemeente.
By dizzen tank oan personiel siktaris gem.wurken ynsûnder personiel bûtenstjinst
yn waer en wyn, faak in great part fan't jier op strjitte, fytspaden plantsoenwurken
ûnder "in wakend" each fan de boarger.
En Hottinga en frou, bitankt foar de goede soargen as wy hjir yn't gemeentehûs
ferbliuwe.
Wy hearre al in bytsje by jim gesin
Allegeare goede krystdagen en in lokkich 1979 tawinske.
De frede wêr't kristtiid fan sprekt
winskje ik allegear ta, yn 't witten
dat wy minsken fan dizze ierde, der
allegeare baet by hawwe sille, nou en
yn de takomst.
S. Jansma