- 3 - Oan't nou ta moasten elts jier de bilestingen omheech. Us fraksje hat er hast eltse keer grutte muoite mei hawn of hat'er gewoan tsjin west, om't wij wisten dat er genoch romte yn'e begrutting siet. Nou binne in oantal posten goed neisjoen en blykt indied die romte der to wêzen. Dêr komt dan noch by dat de utkerings ut it gemeentefûns troch Bistek *81 ynkoarte binne. De oanbiedingsbrief seit oer it oerskot: 'feuggesties uwerzijds zullen wij daarnaast op prijs stellen". Dit is us fansels net untkommen en wy hawwe dan ek my nocht in listje my winsken gearstald. Ien fan'e punten dêrut soe'k neame wolle. It giet om'e bisparring fan energy. Yn it kolleezjeprogramma wurd der ek oandacht oan bistege. Ua gemeente docht mei oan de N.V.Frigas en kriget dêrom elts jier in part fan'e winst die't op het forkeapjen fan gas makke wurd. Neffens de bigrut- ting fan it Frigas foar 1979 sil dat part foar us gemeente sa'n 157.000 gûne wêze. Dat is tuske^n heakjes 11.000 gûne mear as de gemeentelike bigrutting foar 1979 oanjout. Ien fan'e doelen fan dy N.V. is op't heden it forgriemjen fan energy tsjin to gean. Dat stiet us ek oan, it past yn it stânpunt fan wiis wêze mei de saken dy't de ierde us jout en wêr't wy neat foar werom dogge of dwaen kinne. It is in nationaal en ek in ekonomysk bilang. Wannear't nou op gemeentelik mêd mei in part fan de ynkomsten fan it gas dêr wat oan dien wurde koe soe dat muoi wêze. Wy wolle dêrom foarstelle dat er in gemeentelik plan makke wurd foar bisparring fan energy, binammen troch isolaesje fan wennings en gebouwen. In foarm fan gear- wurking mei it Frigas en bygelyks de wenningstichting soe dêrby to winskjen wêze. Wat to birikken fait blykt ut in nationeel ûndersyk dat seit dat by in goede isolaesje yn Nederlân jierliks 57 miljoen m3 minder oan gas brûkt wurde sil. Yn'e lêste gearkomste fan it Frigas is al sein dat men by in folsleine isolaesje biret is de foarskotnota mei in bipaald persintage to forleechjen. Nou is dit net in plan dat wy sels samar efkes bitocht hawwe. Né, just dizze wike kaam by aile gemeentebistjûren in brief fan it S.V.E.N. (Stichting Voorlichting Energiebesparing Nederland). Dit is in stichting die't troch minister Lubbers in 1976 ynsteld is. Se wolle de gemeentebistjûren foarljochting jaen en kinne mei in protte adviezen helpe as er sa'n soarte fan plan makke wurd. Nenhear de foarsitter, wy fine dit in tige wichtig punt dat wy dêrom hjir ek wat mear omtinken jûn hawwe.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1979 | | pagina 37