Moasje nota "Alternatieven" De ried fan de gemeente Ljouwerteradiel, yn gearsit byinoar op 25 jannewaris 19 hat kennis nommen fan de provinsiale streekplan-nota "Alternatieven", fan it komnintaer fan de Regioried Ljouwert op dy nota en fan de derby oahslutende notysje fan it kolleezje fan b. en w. oan de gemeenteried, en mmt yn omtinken: -dat it provinsiael bistjûr de gemeentebestjûren frege hat om kommintaer to jaen op de streekpla-nota "Alternatieven", -dat it kommintaer fan de Regioried Ljouwert in wichtige bydrage oan it petear yn de gemeenterieden yn dy regio foarmet, -dat it - neist it nei foaren bringen fan biswieren, lykas yn it kommintaer fan de Regioried bard is - ut in eachpunt fan biynfloeding fan de provinsiale bilieds foarming fan great bilang is, dat de gemeenterieden oanjowe, hokker eleminten hja wichtich achtsje foar in streekplan foar Fryslân.dat ynsjoch jun wurde moat, yn de middels dy't keazen wurde moatte ta it berikken fan ^e doelstellingem en yn oerienstemming mei de aard en bevoegdheden fan 'e bestjûrs organen en dat rjocht docht oan har ferantwurdlikens en sprekt ut: x. -dat it provinsiael bistjûr goed omtinken jaen moat oan de biswieren tsjin opset en de methoade fan de Nota "Alternatieven", dy't yn it kommintaer fan de Regioried Ljouwert nei foaren brocht binne en dy'tyndenotysje fan it kolleezje fan b. en w. oan de gemeenteried ûnderstreke binne, -dat der yn elts gefal stribbe wurde moat nei it fêsthâlden fan de natuerlike oanwaeks - nei oantal en gearstalling - fan de bifolking fan de provinsse, -dat foar de wurkgelegenheit yn Fryslân en foar in soune ekonomyske struktuer fan de provinsje binammen it bihâld en de kwantitative en kwalitative utbou fan de bisteande bidriuwsaktiviteiten wichtich is; mar dat dêrneist de mooglik heden om nije bidriuwen fan bûten de provinsje oan to lûken, net forwaerloaze wurde mei je, j. -dat stribbe wurde moat nei in lykwichtige ekonomyske untjowing fande_hiele provinsje en dat dêrom in aksint op it eastlik part fan de provinsje ôfwiisd wurde moat, -dat - ek yn it ramt fan in lykwichtige sprieding - de mooglikheden ta stimu- learring fan fêstiging fan mear lytsskalige bidriuwen yn de lytsere kearnen goed bisjoen wurde moatte, -dat it bûtengebiet fan Ljouwerteradiel, as ûnderdiel fan de Klaeiboustree*, yn oerienstimming mei de nasionale Nota "Landelijke Gebieden" yn it foarste plak in lânbouf unksje hat, -dat de biheinde romte foar utwreiding fan rekreative foarsjenmngen yn it plak oan de eigen bifolking to'n goede komme moat, -dat it bihâld en de ûntjowing fan de Fryske tael en kultuer in sintrael Plan_ ynnimme moat yn it provinsiael en gemeentlik bilied en dat soks û.m. ta utering komme moat yn it noed stean foar it bihâld fan lytse mienskippen en hechte for- ieningsstrukturen, -dat by de sprieding fan wenningbou en foarsjenningen binammen omtinken jown wurde moat oan de bloei en de leefberens fan de lytse doarpen, -dat it takomstige streekplan de gemeenten in reéle romte litte moat foar in eigen gemeentlik romtlik bilied en dat fan dat eachpunt ut de kearne-hierarcny yn de Nota "Alternatieven" fierstento détaillearre is, en bislut dizze moasje meide notysje fan it koll. fan b. en w. oan 'e ried to stjûren oan it kolleezje fan deputearre steaten fan Fryslân en oan de Regioried Ljouwert en giet oer ta de oarder fan de dei, Fêststelt yn de iepenbiBT».riedsgearkomste fan 25 jannewaris 1979. siktari^^/ foarsitter, ioi) (H. Boschma)

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1979 | | pagina 89