Moasje nota "Alternatieven"
De ried fan de gemeente Ljouwerteradiel, yn gearsit byinoar op 25 jannewaris 19
hat kennis nommen fan de provinsiale streekplan-nota "Alternatieven", fan it
komnintaer fan de Regioried Ljouwert op dy nota en fan de derby oahslutende
notysje fan it kolleezje fan b. en w. oan de gemeenteried, en mmt yn omtinken:
-dat it provinsiael bistjûr de gemeentebestjûren frege hat om kommintaer to
jaen op de streekpla-nota "Alternatieven",
-dat it kommintaer fan de Regioried Ljouwert in wichtige bydrage oan it petear
yn de gemeenterieden yn dy regio foarmet,
-dat it - neist it nei foaren bringen fan biswieren, lykas yn it kommintaer fan
de Regioried bard is - ut in eachpunt fan biynfloeding fan de provinsiale bilieds
foarming fan great bilang is, dat de gemeenterieden oanjowe, hokker eleminten
hja wichtich achtsje foar in streekplan foar Fryslân.dat ynsjoch jun wurde moat,
yn de middels dy't keazen wurde moatte ta it berikken fan ^e doelstellingem en
yn oerienstemming mei de aard en bevoegdheden fan 'e bestjûrs organen en dat
rjocht docht oan har ferantwurdlikens
en sprekt ut: x.
-dat it provinsiael bistjûr goed omtinken jaen moat oan de biswieren tsjin
opset en de methoade fan de Nota "Alternatieven", dy't yn it kommintaer fan
de Regioried Ljouwert nei foaren brocht binne en dy'tyndenotysje fan it kolleezje
fan b. en w. oan de gemeenteried ûnderstreke binne,
-dat der yn elts gefal stribbe wurde moat nei it fêsthâlden fan de natuerlike
oanwaeks - nei oantal en gearstalling - fan de bifolking fan de provinsse,
-dat foar de wurkgelegenheit yn Fryslân en foar in soune ekonomyske struktuer
fan de provinsje binammen it bihâld en de kwantitative en kwalitative utbou
fan de bisteande bidriuwsaktiviteiten wichtich is; mar dat dêrneist de mooglik
heden om nije bidriuwen fan bûten de provinsje oan to lûken, net forwaerloaze
wurde mei je, j.
-dat stribbe wurde moat nei in lykwichtige ekonomyske untjowing fande_hiele
provinsje en dat dêrom in aksint op it eastlik part fan de provinsje ôfwiisd
wurde moat,
-dat - ek yn it ramt fan in lykwichtige sprieding - de mooglikheden ta stimu-
learring fan fêstiging fan mear lytsskalige bidriuwen yn de lytsere kearnen
goed bisjoen wurde moatte,
-dat it bûtengebiet fan Ljouwerteradiel, as ûnderdiel fan de Klaeiboustree*,
yn oerienstimming mei de nasionale Nota "Landelijke Gebieden" yn it foarste plak
in lânbouf unksje hat,
-dat de biheinde romte foar utwreiding fan rekreative foarsjenmngen yn it
plak oan de eigen bifolking to'n goede komme moat,
-dat it bihâld en de ûntjowing fan de Fryske tael en kultuer in sintrael Plan_
ynnimme moat yn it provinsiael en gemeentlik bilied en dat soks û.m. ta utering
komme moat yn it noed stean foar it bihâld fan lytse mienskippen en hechte for-
ieningsstrukturen,
-dat by de sprieding fan wenningbou en foarsjenningen binammen omtinken jown wurde
moat oan de bloei en de leefberens fan de lytse doarpen,
-dat it takomstige streekplan de gemeenten in reéle romte litte moat foar in
eigen gemeentlik romtlik bilied en dat fan dat eachpunt ut de kearne-hierarcny
yn de Nota "Alternatieven" fierstento détaillearre is,
en bislut dizze moasje meide notysje fan it koll. fan b. en w. oan 'e ried to
stjûren oan it kolleezje fan deputearre steaten fan Fryslân en oan de Regioried
Ljouwert
en giet oer ta de oarder fan de dei,
Fêststelt yn de iepenbiBT».riedsgearkomste
fan 25 jannewaris 1979.
siktari^^/ foarsitter,
ioi) (H. Boschma)