y Underwerp Riedsgearkomste Stiens, 21 april 1982. Oan de gemeenterie Hjirby noegje ik j imme ut de riedsgearkomste fan de 28e april 1982 by te wenjen. De gearkomste wurdt hâlden op het gemeentehûs te Stiens en begjint om 19.30 oere. De boargemaster H. Boschma Nr. fan de wurklist WURKLIST Nr. fan it utstel 1. Fêststelling fan de beslutelist fan de gearkomste fan de 25e maart 1982. 2. Ynkommen stikken en meidielings. 82/41 3. Utstel oangeande it ferkearsdrompelsproblematyk Langebuorren/ Uniawei te Stiens. 82/42 4. Utstel oangeande it beskikber stellen fan in kredyt foar de rekonstruksje fan de krusing Wythusterwei-Hynstewaed en de ferbettering fan it rioel yn it Hynstewaed. 82/43 5. Utstel oangeande it behâld fan de iepenbiere legere'skoalle yn Britsum. 82/44 6. Utstel oangeande it wizigjen fan de subsydzje regeling foar de yn de gemeente Ljouwerteradiel oanwêzige sportferienings. 82/45 7. Utstel oangeande it beskikber stellen fan in kredyt foar it feroarjen fan de tagong ta it gemeentehûs en it fernijen van de radiatorkranen yn it gemeentehûs. 82/46 8. Utstel oangeande it beskikber stellen fan in tariedingskredyt foar it realisearjen fan enerzjybesparjende maatregels foar it swimbad "De Middelsé" te Stiens. 82/47 9. Utstel oangeande it ferlienen fan in bydrage yn de stiftings- kosten foar de bou fan in nije bibleteek. 82/48 10. Utstel oangeande subsydzje oanfragen yn it ramt fan de Wurk- gelegenheitsferromjende Maatregel. 82/49 11. Utstel oangeande de likwidaasje fan de Stifting Boargstellings- founs foar Fryslân. 82/50 12. Begruttingswizigings. Op de siktary lizze de stikken mei yngong fan de 26e april 1982 foar de leden fan de rie op besjen.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1982 | | pagina 1