Wurklistpunt6. Foarstelnû.: 83/17. Stiens, 7 febrewaris 1983. Underwerp Ferkeap twa perselen bouterrein oan de Perzenstrjitte te Stiens. □an de gemeenterie. Yn it bestimmingsplan d'Orient is in gebiet by de ûtgong fan de Perzen- strjitte op de Griene Leane oanwiisd foar doelen fan hannel en bedriuw, kategory VAB. Oant no ta is mar in part fan dat terrein beboud. De ôfrûne jierren hat blieken dien, dat der mar in bytsje belangstelling is foar terreinen mei dy bestimming. Sjoen dy ûnderfining hawwe wy besletten om gebrûk te meitsjen fan it us takende foech basearre op kêst 11 fan de wet op de romtlike oardering om de bestimming fan it noch net beboude part fan dat terrein te feroarjen en dat part oan te wizen foar wendoelen, kategory EO iengesinswenten Yntiid hawwe har twa gadeingmakkers oantsjinne, dy't fan doel binne hjir elk in wenning te bouwen (twa ûnder ien kap mei garaazje). Wy stelle jimme foar de priis fan de grûn te bepalen op it bedrach lykas dat by de leste kostpriisberekkening foar d'Orient fêststeld is foar bouterreinen foar wenningen fan it type twa ûnder ien kap, t.w. 19.623,-- de wenning, eksklusyf B.T.W. Yn de kostpriisberekkening is foar it terrein by de earste bestimming in legere opbringst begrutte. Fierders stelle wy jimme foar mei de betingsten sa't dy trochstrings makke wurde ta ferkeap fan de hjirbedoelde kavels bouterrein te besluten lykas de ûntwerp-besluten oanjowe dy't by de stikken op besjen lizze. Boargemaster en wethalders fan Ljouwerteradiel de siktaris de boargemaster J.P.v.d.KOOI. H.BOSCHMA. V v

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1983 | | pagina 19