Y WurKlistpun 7. Foarstelnû83/18> Underwerp Stiens, 2 febrewaris 1983. Ferkeap bouterreinen yn It Skil. □an de gemeenterie. Yn it stik fan it bestimmingsplan It Skil dat begrinzge wurdt troch de TrompethoarnVenusskulp en Boarskulp lizze 4 perselen bouterrein. Dy perselen binne yn opsje jûn oan Pré-Bo-Flûs B.V. te Frentsjer. □e neamde projekt-ûntwikkeler hat us frege - wylst dit oars gjin wizânsje is by de ferkeap fan bouterreinen yr It Skil - tastimming te jaan om dy kavels foar in trochsnee priis ferkeapje te meien. Ien fan de wichtichste motiven dêrfoar is om foar aile fjouwer te bouwen wenningen de tapassing fan de premy-A regeling feilich te stellen. Wannear't der de m2 ferkocht wurde moatsille 2 wenningen bûten de regeling falle en wurdt it dêrom dreech dy te ferkeapjen. Wy wiene fan betinken. sjoen de belangen dy't meispylje, de frege tastimming te jaan. Wy binne fan doel it belied op dit punt folslein op 'e nij te besjen en dat yn de earstfolgjende gearkomste fan de kommisje Algemiene Saken oan de oarder te stellen. Yntiid binne de kavels 2, 3 en 4 ferkocht. Wy stelle jimme foar dy 3 kavels te ferkeapjen foar in bedrach fan 26.921,-- eksklusyf B.T.W., de kavel □y priis is basearre op de nijste eksploitaasje-berekkening foar "It Skil" dêr't de provinsjale direksje foar de folkshusfesting mei akkoart gien is De te nimmen besluten lizze by de stikken op besjen. Boargemaster en wethâlders fan Ljouwerteradiel de siktaris. de boargemaster J.P.v.d.KOOI. H.BOSCHMA.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1983 | | pagina 27