/V Underwerp Riedsgearkomste Stiens, 17 augustus 1984 Oan de gemeenterie Hjirby noegje ik jimme ut de riedsgearkomste fan de 23e augustus 1984 by te wenjen. De gearkomste wurdt hâlden op it gemeentehûs te Stiens en begjint om 19.30 oere. De boargemaster H.BOSCHMA. Nr. fan de wurklist WURKLIST Nrfan it ûtstel 1Fêststelling fan de beslutelist fan de riedsgear komste fan de 28e juny 1984 2. Ynkommen stikken en meidielings 84/87 3. Utstel oangeande it wizigjen fan it Algemien Amtner- reglemint, de Ferpleatsingskostenoardering en de Oerlizoardering 84/88 4. Utstel by in oanfraach fan it bestjûr fan de feriening foar Kristlik Underwiis te Britsum om meiwurking foar it oanskaffen fan leer- en helpmiddels foar de beuker- skoalle "De Sprong" te Britsum 84/89 5. Utstel by in oanfraach fan it bestjûr fan de feriening foar Kristlik Underwiis te Britsum om meiwurking ex art. 72 fan de L.U.-wet 1920 foar it oanskaffen fan in mikro- foan en helpmiddels by in nije rekkenmethode foar de legere skoalle "De Foarikker" te Britsum 84/90 6. Utstel oangeande it wizigjen fan de foarrangsregeling fan de krusings Uniawei en de Van Wyckelstrjitte te Stiens 84/91 7. Utstel oangeande de fragenlist ynsake nijbou, ferbou en ferbettering fan wenninçen yn it tiidfek 1985/1989 84/92 8. Utstel oangeande it wizigjen fan de oardering fan de Kommisje foar opdrachtenbelied op het mêd fan bieldende foarmjowing en boukeunst 84/93 9. Utstel oangeande de subsydzje- en procedureregeling Algemien Maatskiplik Wurk 84/94 10. Utstel oangeande de ôfrekken oer de jierren 1976 t/m 1982 mei de Prot.KrStifting Maatskiplik Wurk en Ge- sinsfersoarging te Hallum 84/95 11. Utstel oangeande it beskikberstellen fan in liening oan Stifting Doarpshûs "De Bining" te Koarnjum fan 15.000,tsjin in rinte van 9% 84/96 12. Utstel oangeande it garandearjen fan in jildliening foar great ûnderhâld en it ferbetterjen fan 34 wenten fan de Wenningstifting Ljouwert - Ljouwerteradiel te Stiens 84/97 13. Utstel oangeande it plan: "It Iepenbiere Bibliotheek- wurk yn Fryslân 1986 - 1988. 84/98 14. Begruttingswizigings Op de siktary lizze de stikken mei yngong fan de 18e augustus 1984 foar de leden fan de rie op besjen.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1984 | | pagina 1