Agindapunt: 6. Utstelnr: 85/5. Stiens, 23 jannewaris 1985 Underwerp; Dielnimming oan de Lûdwarrende Foarsjennings Marsum Jelsum e.o. □an Yn 1983 hat in petear pleatsfûn mei it Ministearje fan Oefinsje oer de mooglike preesanearring fan lûdhinder fan wenten die't oerlêst ûnderfine fan de fleanbasis Ljouwert. Ut namme fan it ministearje is in utiensetting jûn oer de organisaasje en de feitlike utfiering fan de maatregels. It die bliken, dat it ministearje de foarkar jout oan it oprjochtsjen fan in Stifting, wêryn't de oanbelangjende gemeente fertsjintwurdige binnen en ek de pleatslike befolking. □y Stifting soe de tarieding, de utfiering en de begelieding dwaan moatte, wylst it ministearje de sinteraasje beskekber stelt en de isolaasjeplannen goedkarre moat. Underkend is, dat sa'n konstruksje sawol praktyske as psychologyske foar- dielen hat. Qmmers, men hat te dwaan mei "eigen" minsken ut it doarp en de gemeente, dy't de pleatslike sitewaasje kenne en dy't ek noch likernôch op slach oansprek- ber binne. Wij kinne us yn elts gefal wol fine yn dy konstruksje. Ek yn 1983 waard troch it ministearje noch as eask steld, dat de gemeente, woe der praat wêze fan preesanearring fan lûdhinder, ôfsjen moast fan it stânpunt fan baanferdraaiing Om't soks doe net ta de mooglikheden hearde, is der fierders neat fan ope hispel kommen. No't de proseduere fan it S.fi.T. safier foardere is dat meikoarten de Twad- de Keamer him bûge sil oer de ynspraakreaksjes en no't lêsten de gemeente noch oare berjochten oer de sitewaasje yn de doarpen bij de fleanbasis be- rikt hawwe, is de tarieding ta it oprjochtsjen fan in Stifting lykas troch it ministearje foarsteld is op en nij uteinset. Nei in pear petearen mei fertsjintwurdigers fan organisaasjes/ferienings dy't by it isolaasjebarren belutsen binne, is it no safier dat de Stifting oprjochte wurde kin. Der de statuten is oerienstimming tusken aile partijen en it ministearje. Wy stelle jimme rie ut te besluten diel te nimmen en diel te hawwen oan de Stifting Lûdwarrende Foarsjennings Ilarsum/Jelsum e.o. en akkoart te gean mei de ynhâld fan de statuten, dy't by de stikken op besjen lein binne. Wy wize der noch op, dat op grûn fan kêst 228 fan de Gemeentewet, de goed- karring fan Deputearre Steaten op dit beslut fereaske wurdt. Sadree't de goedkarring krigen is, sille de statuten yn in akte by de notaris fêstlein wurde. Boargemaster en wethâlders fan Ljouwerteradiel de siktaris, de boargemaster, J.P. v.d. K.OOI H. BOSCHMA DE GEMEEIMTERIE.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1985 | | pagina 21