Agendapunt: 6 Foarstelnr85/108 Underwerp Stiens, 19 septimber 1985 Ferkeap stripe iepenbier grien oan de Wearklank yn Stiens. Oan: de gemeenterie Fan de hear R.L.Wijbenga, Wearklank 4 te Stiens krigen wy it fersyk fan it njonken syn wente leine iepenbier grien, in stripe fan likernSch 3 meter breed, oan him te ferkeapjen. Sjoen it oerflak dat it iepenbier grien hjir bestrykt en de ynrjochting dêrfan (gers beplante mei jonge stambeammen) is der neffens us gjin beswier tsjin ferkeap. Wy stelle jimme foar de frege stripe grûn, dy't op de by de stikken op besjen lizzende tekening neier oanjûn is, te fer keapjen foar de dêrfoar wenstige priis fan f 10,de m2 en mei de wenstige betingsten, sa bedoeld, dat de keaper op syn kosten soargje moat foar in hiemôfskieding ta geriif fan de direkteur gemeentewurken De kommisje Iepenbiere Wurken, Ferkearssaken en Miljeuhygiëne kit it iens wêze mei us foarstel. It te nimmen beslût leit yn ûntwerp by de stikken op besjen. Boargemaster de siktaris, en wethâlders fan Ljouwerteradiel de boargemaster J.P.v.d.KOOI H.BOSCHMA.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1985 | | pagina 19