Beslûtelist fan de riedsgearkomste fan 22 augustus 1985. Oanwêzich: mefrou G. Visser, de hearen J. Teitsma, P. de Haan J.D. van Iperen, 0. Faber, F. Damstra, J. van der Ende, H.A.J. Boersma, E. Roorda, S. Jansraa, R. Ketellapper en de wethâlders J.G. van Rijn en W. Visser. Foarsitter: de hear H. Boschma Siktaris de hear J.P.v.d.Kooi -o-o-o-o-o- Bân I - i - 000 m. 1Fêststelling fan de beslûtelist fan de riedsgearkomsten fan de 6e en de 27e juny 1985. Oer de list fan 27 juny wurdt it wurd fiert troch de foarsitter, mefrou Visser, de hearen Boersma en Roorda en wethâlder Visser, allegearre oer punt 4. Yn de 2e alinéa by punt 4 moat it wurd "Hjiroer" ferfangen wurde troch: "Oer dit punt". It wurdsje "de" yn de ien nei leste sin moat wêze: "in". Fjirder moat dit punt oanfolle wurde mei de tasizzing fan it kolleezje dat oangeande de opheffing fan basisskoallen in forum- hearring foarlein wurde sil wer yn elsenien him fine kin. De beslûtelisten wurde fjirder ûnferoare fêststelt. 2Ynkommen stikken en meidielings. 85/91 Hjiroer wurdt it wurd fiert troch de hearen Teitsma (Il-b en Ill-e), van der Ende (Il-b), mefrou Visser 111 fde hearen de Haan (Ill-b), van Iperen (Ill-f), Damstra (Ill-f), de wethâlders Visser en van Rijn en de foarsitter. Oerienkomstig de ûtstellen fan it kolleezje wurdt beslûten. De foarsitter dielt mei, dat it ynformele oerlis oer de begrutting 1986 hâlden wurdt op 19 novimber 1985. De riedsexcursie is fêststelt op 8 oktober 1985. 3Utstel om it fêststellen fanjn skoalleplan foar de jierren 1987 - 1990 oer gean te litten. 85/92 Sûnder diskusje en haadlike stimming wurdt oerienkomstig it utstel fan it kolleezje beslûten.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1985 | | pagina 5