- 3 - 10Utstel oangeande It aanskaffen fan in houtfersnipeler troch de mienskiplike himmeltsjinst It Bildt - Ljouwerteradiel 85/99 Hjiroer wurdt it wurd fiert troch de hearen Boersma, van Iperen, de Haan, wethâlder van Rijn en de foarsitter. Sûnder haadlike stimming wurdt oerienkomstig it utstel fan it kolleezje besluten 11Utstel oangeande it ienris ferlienen fan in bijdrage yn de oanliskosten fan in nije iisbaan te Britsum. 85/100 Hjiroer wurdt it wurd fiert troch de hearen Ketellapper, Boersma, van Iperen, Faber, Teitsma en de foarsitter. Sûnder haadlike stimming wurdt oerienkomstig it utstel fan it kollezje besluten 12. Utstel oangeande it beskikber stellen fan in kredyt foar it oanbringen fan in deklaach op de Trijehoeksdyk en de Koarnjumer Aldlânsdyk en it ferheegjen fan de budzjetaire reservearing yn it ramt fan de ruilverkaveling foar takomstich oan te bringen deklagen. 85/101 Hjiroer wurdt it wurd fiert troch de hear de Haan en wethâlder van Rijn. Sûnder haadlike stimming wurdt oerienkomstig it utstel fan it kolleezje besluten 13Utstel oangeande it beskikber stellen fan in kredyt foar it oanbringen fan in deklaach op de Venuskulp en it op'e nei fluorjen fan in part fan de Boarskulp te Stiens. 85/102 Sûnder diskusje en haadlike stimming wurdt oerienkomstig it utstel fan it kolleezje besluten. 14Utstel oangeande it beskikber stellen fan in kredyt foar it oanbringen fan in deklaach op de Lege Hearewei te Hijum. 85/103 Sûnder diskusje en haadlike stimming wurdt oerienkomstig it utstel fan it kolleezje besluten. 15Utstel oangeande it beskikber stellen fan in kredyt foar it ferfangen en utwreidzjen fan materiële helpmiddels fan de bûtentsjinst fan gemeentewurken 85/104 Hjiroer wurdt it wurd fiert troch de hear Boersma en wethâlder van Rijn. Sûnder haadlike stimming wurdt oerienkomstig it utstel fan it kolleezje besluten - 4 -

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1985 | | pagina 7