Underwerp: Riedsgearkomste Stiens, 25 oktober 1985. Oan de gemeenterle. Hjirby noegje ik jimme ut de riedsgearkomste fan de 31e oktober 1985 by te wenjen. De gearkomste wurdt hâlden op it gemeentehûs te Stiens en begjint om 19.30 oere. 1. Fêststelling fan de beslûtelist fan de riedsgearkomste fan de 26e septimber 1985. 2. Ynkommen stikken en meidielings. 3. Utstel oangeande it beskikber stellen fan in kredyt foar de oanskaf fan iennich materiaal foar bûtendoar-spultsjes foar de iepenbiere basisskoalle te Koarnjum. 4. Utstel oangeande fêststelling ûnderwiisbeliedsplan foar de iepenbiere skoallen yn de gemeente Ljouwerteradiel 5. Utstel oangeande it jaan fan (nije) nammen oan de iepenbiere skoallen 6. Utstel oangeande it ferkeapjen fan de wenning Holdingawei 20 te Feinsura. 7. Utstel oangeande it ferkeapjen fan in stripe grûn oan de hear D. Wiersma te Stiens. 8. Utstel oangeande it nimmen fan in tariedingsbeslût foar in part fan it bestimmingsplan Stiens-doarp (opslachromte oan de Lege Hearewei te Stiens) 9. Utstel oangeande it foarriedich fêststellen fan de jierrekken 1984 fan it fersoargingshûs Skilhiem te Stiens. 10. Begruttingswizigings 85/110 85/111 85/112 85/113 85/114 85/115 85/116 85/117 De boargemaster H. BOSCHMA Nr. fan de wurklist WURKLIST Nr. fan it utstel Op de siktary lizze de stikken mei yngong fan de 28e oktober 1985 foar de leden fan de rie op besjen.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1985 | | pagina 1