Beslutelist fan de riedsgearkomste fan 27 maart 1986. Oanwêzich: mefrou G. Visser, de hearen J. Teitsma, J.D. van Iperen, 0. Faber, F, Damstra, J. van der Ende, H.A.J. Boersma, S. Jansma, R.A. Ketellapper en de wethâlders J.G. van Rijn en W. Visser. De hear de Haan komt om en bij 8 ûre oan. Mei kundskip ofwêzich: de hear E. Roorda. Foarsitter: de hear H. Boschma Siktaris de hear J.P.v.d.Kooi Bân II - 1212 m. Bân I - 0000 m. - 1346 m. 1Fâststelling fan de beslutelist fan de riedsgearkomste fan 27 febrewaris 1986. 1212 m. Hjiroer wurdt it wurd fierd troch de hear Teitsma en de foarsitter. De beslutelist wurdt ûnferoare fêststeld. 2Ynkommen stukken en meidielings. 1244 m. Hjiroer wurdt it wurd fierd troch mefrou Visser (III-c en e)de hear van der Ende (III-c)de hear Teitsma (Ill-b)wethâlder Visser (III-c) wethâlder van Rijn (III-c) en de foarsitter (Ill-b) Oan de "Bouw en Houtbond FNV" sil berjocht stjûrd wurde, dat de brief foar kundskip oannommen is. Sûnder haadlike stimming wurdt neffens de utstellen fan it kolleezje besluten. 3Utstel om op grûn fan këst 74 fan de Underwiiswet yn principe meiwurking te ferlienen oan it bestjoer fan de feriening foar Kristlik Underwiis te Stiens foar it utfieren fan enersjybesparjende maatregels 86/22 1352 m. Sûnder diskusje en haadlike stimming wurdt neffens de ustellen fan it kolleezje besluten. 4Utstel oangeande it nimmen fan in tariedingsbeslut foar in part fan it bestimmingsplan Stiens-Sud East (ferbou perseel Wythusterwei 12 te Stiens) 86/23 1355 m. De hear Teitsma freget of de utrit nei de Wythusterwei ek ticht kin. Wethâlder van Rijn dielt mei, dat it kolleezje hjir noch net ut is. Dit sil serieus besjoen wurde. - 2 -

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1986 | | pagina 5