- 3 - It kolleezje komt hjir op it ein fan't jier op werom. De foarsitter bringt it utstel fan de hear van der Ende yn stimming. Foar binne de leden dy't hearre ta de fraksje fan de WD en FNP. De leden fan de oare fraksje binne tsjin, sadat dit utstel mei 8 om 4 stimmen fersmiten is. Hjirmei wurdt it utstel fan it kolleezje yn stimming brocht. Dit wurdt mei 8 om 4 stimmen oannommen. De leden fan WD en FNP binne tsjin. De oaren binne foar. 8Utstel oangeande it oansluten by de Feriening fan Eksploitanten fan Sintrale Antenne Ynrjochtings. 36/27 0045 m. Mei dy oantekening dat de FNP-fraksje achte wurdt tsjin stimt te hawwen, wurdt sûnder diskusje en haadlike stimming neffens it utstel fan it kolleezje besluten. 9. Utstel oangeande it oangean fan in legaat. 86/28 068 m. Sûnder diskusje en haadlike stimming wurdt neffens it utstel fan it kolleezje besluten. 10. Utstel om foar 1986 de rekkenkourant-oerienkomst mei de Amro-bank Ljouwert (kantoor te Stiens) langer oan te gean. 86/29 0072 m. Hjiroer wurdt it wurd fierd troch de hear de Haan en de foarsitter Sûnder haadlike stimming wurdt neffens it utstel fan it kolleezje besluten. 11Utstel oangeande it oanbieden fan de rekkens takken fan tsjinst grûnbedriuw en sportoangelegenheden en de gemeenterekkens (algemiene tsjinst) oer 1983 en 1984 en de gearstalling fan in kommisje foar it neisjen fan dizze rekkens 86/30 Hjiroer wurdt it wurd fierd troch de hear de Haan en de foarsitter. De foarsitter stelt ut te beneamen de hearen Faber, Ketellapper en van der Ende. Dizze nimme de beneaming oan. 12. Utstel oangeande it beskikber stellen fan in ekstra kredyt foar de oanskaf fan leer- en helpmiddels foar de iepenbiere basisskoalle Oan't Skipperspypke te Koarn-jum. 86/31 0404 m. Sûnder diskusje en haadlike stimming wurdt neffens it utstel fan it kolleezje besluten. 13Utstel oangeande it beskikber stellen fan in kredyt foar it ferfangen fan de skrob-/sûchmachine en stofsûger foar de Iehal te Stiens. 86/32 0414 m. - 4 -

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1986 | | pagina 7