Beslutelist fan de riedsgearkomste fan 24 april 1986. Oanwêzich: mefrou G. Visser, de hearen J. Teitsma, P. de Haan, J.D. van Iperen, 0. Faber, F. Damstra, J. van der Ende, H.A.J. Boersma, E. Roorda, S. Jansma, R.A. Ketellapper en de wethâlders J.G. van Rijn en W. Visser. Foarsitter: de hear H. Boschma. Siktaris de hear J.P. van der Kooi. Bân I - 1348 m. -o-o-o-o-o- 1Fêststelling fan de beslutelist fan de riedsgearkomste fan 27 maart 1986. 1348 m. Hjiroer wurdt it wurd fierd troch mefrou Visser en de foarsitter. By punt 13 is weifallen dat sûnder diskusje en haadlike stimming neffens it utstel fan it kolleezje besluten is. De beslutelist wurdt fjirder ûnferoare fêststeld. 2Ynkommen stikken en meidielings 86/36 Hjiroer wurdt it wurd fierd troch de hear de Haan (III-c)mefrou Visser (Ill-d en de folder oer it miljeu)wethâlder van Rijn en de foarsitter. Tasein wurdt, dat it skriuwen fan it "Regionaal Orgaan voor de Verkeers- veiligheid in Friesland" beandere wurde sil troch te ferwizen nei it ferkearsplan en it kolleezjeprogram. Fierder wurdt sûnder haadlike stimming neffens de utstellen fan it kolleezje besluten. 3. Utstel oangeande it oanpassen fan ferskate rjochtsposysjeregelings 86/37 1490 m. Sûnder diskusje en haadlike stimming wurdt neffens it utstel fan it kolleezje besluten. 4Utstel oangeande it ferkeapjen fan in stripe grûn oan de hear B. Dankert te Feinsum. 86/38 1493 m. Sûnder diskusje en haadlike stimming wurdt neffens it utstel fan it kolleezje besluten. 5Utstel oangeande it niromen fan in tariedingsbeslut foar in part fan it bestimmingsplan Stiens - It Skil (II - III) 86/39 1496 m. Hjiroer wurdt it wurd fierd troch de hearen van Iperen, de Haan, Faber en de foarsitter. Sûnder haadlike stimming wurdt neffens it utstel fan it kolleezje besluten. - 2 -

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1986 | | pagina 7