Beslutelist fan de riedsgearkomste fan 3 july 1986. Oanwêzichmefrou G. Visser, de hear J. Teitsma, mefrou M. Glas, de hearen J. Eisenga, Faber, J. van der Ende, H.A.J. Boersma, E. Roor- da, S. Jansma, R.A. Ketellapper en de wethâlders J.G. van Rijn en W. Visser. Mei KûndsKip ôfwêzich: de hear S. Ladenius. Foarsitter: de hear H. Boschma. SiKtaris de hear G. Dijkstra Ban 1 - 0000 m. 1Fêststelling fan de beslutelist fan de riedsgearkomste fan 29 maaie 1986. 0000 m. Hjiroer wurdt it wurd fierd troch de hear Eisenga en de foarsitter. Dan it ein fan nr. 6 fan de wurklist moat noch taheakke wurde de tasizzing fan boargemaster en wethâlders om: a. Yn'e takomst foar dit soart saken advys te freegjen oan de Sportkommis- je en/of de Beliedskommisje Wolwêzenj en b. te wurkjen oan in mearjierrigeroaiïng foar neibou, ferbou en ûnderhâld fan akkommodaasjes Fierder wurdt de beslutelist ûnferoare fêststeld. 2. Ynkommen stikken en meidieling. 86/69 0057 m. Hjiroer wurdt it wurd fierd troch mefrou Visser (II - a. en c.), de hearen Faber [II - c.), Van der Ende (II - c.), Eisenga (III - e.), Boersma (III ede foarsitter en de beide wethâlders. Sûnder haadlike stimming wurdt oerienkomstig de utstellen fan boargemaster en wethâlders besluten. 3utstel oangeande it ferlienen fan meiwurking oan it bestjoer fan de feriening foar Kristlik Underwiis te Stiens foar it ferfangen fan it meubilèr. 86/70 0360 m. Sûnder diskusje en haadlike stimming wurdt oerienkomstig it utstel fan boargemaster en wethâlders besluten. 4. Utstel oangeande it hûsfestingsoersicht fan it basisûnderwiis86/71 0366 m. Sûnder diskusje en haadlike stimming wurdt oerienkomstig it utstel fan boar gemaster en wethâlders besluten. 5. Utstel oangeande ferskate grûntransaksjes yn verbân mei rekonstruksjewurk en weryndielingsplannen foar de Lege Hearewei en Burmaniawei te Si-iens. 86/72 0372 m. Hjiroer wurdt it wurd fierd troch mefrou Visser, de hear Faber en wethâlder Van Rijn. - 2 -

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1986 | | pagina 3