- 2 - Der wurdt oantinken frege foar de gefaren fan ûntsluting op de Joussenwei en de belangen fan boer hettinga. Tasein wurdt, dat bij de neiere utwurking fan de plannen hjirmei rekken hâlden wurde sil. Sûnder haadlike stimming wurdt neffens it utstel fan boargemaster en wethâlders besluten. B, Utstel oangeande it nimmen fan ferkearsmaatregels foar it Platohôf te Stiens. 86/103 1904 m. De heer Eisenga vraagt of er meer van dit soort situaties zijn. □it zou het collège eens met de politie kunnen opnemen. Wethâlder van Rijn andert dat dizze fraach trochjûn wurde sil. De gemeente moat lykwols net fol setten wurde mei ferkearsboarden Sûnder haadlike stimming wurdt neffens it utstel fan boargemaster en wethâlders besluten. 7Utstel oangeande de fragelist nijbou en fernijbou 1987. 86/104 1920 m. Hjiroer wurdt it wurd fierd troch de hearen Faber, Eisenga en de foarsitter. Tasein wurdt dat koarte oantekenings fan it oarliz mei dit bestjoer fan de wenningstifting Ljouwert-Ljouwerteradiel yn it ferfolch yn de kommisje Iepenbiere Wurken oan de oarder stelt wurde sille. Sûnder haadlike stimming wurdt neffens it utstel fan boargemaster en wethâlders besluten. 8Utstel oangeande in beswierskrift fan de hear M. Buwalda te Stiens tsjin it wegerjen fan in fergunning foar it skilderjen fan syn pân. 86/105 2013 m. Hjiroer wurdt it wurd fierd troch de hearen Ketellapper, Eisenga, Faber, Boersma, Roorda en wethâlder van Rijn. De earste 4 sprekkers diele it stânpunt fan de Arob-kommisje. De hear Roorda pleitet foar it stânpunt fan it kolleezje en is fan betinken dat de ynwûne advizen net te lichtfeardich oan de kant lein wurde meie. De heer Eisenga vraagt te onderzoeken welke panden aan de Langebuorren wel en welke niet geschilderd kunnen worden. Wethâlder van Rijn seit ta dizze fraach yn it kolleezje te bepraten. It utstel fan it kolleezje wurdt yn stimming brocht. Foar binne de leden Roorda, Visser en van Rijn. Tsjin binne de leden Eisenga, Ketellapper, Boersma, van der Ende, Jansma, Faber, Ladenius, mefrou Visser en mefrou Glas. It utstel fan it kolleezje is dus fersmiten mei 9-3 stimmen, wertroch neffens it advys fan de Arob-kommisje fergunning ferliend wurdt foar it skilderjen fan it winkelgedeelte. - 3 -

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1986 | | pagina 6