a - 3 - 9. Utstel oangeande in beswierskrift fan de hear Buys te Volendam tsjin it wegerjen fan in fergunning foar it ynnimmen fan in stânplak mei in fiskwein 86/106 0409 m. Hjiroer wurdt it wurd fierd troch de hear Ladenius en de foaristter. Sûnder haadlike stimming wurdt neffens it utstel fan boargemaster en wethâlders besluten. 10Utstel oangeande it foarriedich fêststellen fan de jierrekken 19S5 fan it fersoargingstehûs Skilhiem te Stiens. 86/107 0433 m. Hjiroer wurdt it wurd fierd troch de hear Faber en de foarsitter. Sûnder haadlike stimming wurdt neffens it utstel fan boargemaster en wethâlders besluten. 11Utstel oangeande it beskikber stellen fan in oanfoljend krediet foar de sintrale ferwaarming fan de iepenbiere basisskoalle "de Jint" te Stiens. 86/106 0546 m. Sûnder diskusje en haadlike stimming wurdt neffens it utstel fan boargemaster en wethâlders besluten. 12. Utstel oangeande it beneamen fan in lid yn de wurkgroep "Untwikkelings- gearwurking" 66/109 0553 De hear Wetting wurdt mei 12 stimmen beneamd. 13. Utstel oangeande it machtigjen fan it kolleezje fan boargemaster en wethâlders om pânen oan te keapjen yn It Haantje te Jelsum. 86/110 0600 m. Hjiroer wurdt it wurd fierd troch de hearen Eisenga, Roorda, mefrou Visser en wethâlder van Rijn. Sûnder haadlike stimming wurdt neffens it utstel fan boargemaster en wethâlders besluten. 14. Utstel oangeande it ferlienen fan in subsydzje oan de Stifting doarpshûs "De Bining" te Koarnjum. 86/111 0616 m. De hear Boersma freget of yn de begrutting in post sit foar lûdsisolaasje De hear Roorda freget werom yn dit gefal 50% subsydzje utstelt wurdt en yn oare gefallen 75%. Hy is fan betinken dat noch altyd kriteria hjirfoar ûntbrekke. Neffens him is dit wer in oantruning om it belied op dit mêd dudlik stâl te jaan. De oare saken dy't op dit mêd noch oan de oarder stelt wurde sille, sil syn fraksje op syn eigen mérités besjen. De heer Eisenga informeert naar de meerjarenraming voor dit soort zaken. De hear Ladenius soe fan 50 wol 75% meitsje wolle. De foarsitter ljochtet ta werom yn dit gefal 50-s yn pleats fan 75-s utstelt wurdt. In mearjierrenraming is yn tarieding. Yn de begrutting sit in post foar lûdsisolaasje. Sûnder haadlike stimming wurdt neffens "it utstel fan boargemaster en wethâlders besluten. - 4 -

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1986 | | pagina 7