6. Ferantwurdelik wêze foarmekoar, meimekoar bouwe oan, mekoar stypje en respektearjevie of va, of hoert wy ek binne. Sjoen fanut dit ramt moatte tsjerkliken en humanisten meimekoar stribje kinne nei in bettere wrâld en ék nei in mienskiplik gemeentebelied yn lytse rûnte, StriiDpunten sille der bliuwe: kernbewapening, twa-en iensidige ûntwapening, euthanasy, abortus e.s.f. Wy jowe graach eltsenien de romte, der bliuwe genôch saken oer der't wy meimekoar oan bouwe kinne Mar it sosjaal kultureel wurk, wer't wy as bestjoerders fan us gemeente mei te krijen hawween dat gearrint yn 8-88, dat leit us no krekt net. Foar my leit "de Gids" it bledsje fan de Stichting Kultureel Werk Leeuwarderadeel"Redactie-en administratie adres en openingstijd en steane der dudlik yn, it kin net better. De Gids op'm sels is ek dûdlik, der stiet gji£_wurd fan us eigen taal yn. Net al hielendal earlik fansels: Tryater spilet "Nora"Tryater spilet de feint fan twa masters en Tryater hat dan ek noch in berneproduksjeja wol,s<middags. En de Bergumer Folksdûnsploech sil ek los en ta ferdudliking foar de "stomme" ynport volksdansen" Wat in stik diskriminaasjeMiene de 8-88 meiwurkers no werklik dat net-Frysktaligen it wurd Folksdûnsploech net begripe?? It binne dochs gjin ûnnoazelen dy't har hjir nei wenjen sette?? Om koart te kriemen: wy ûndergeane de aktiviteiten fan 8t88 net as posityf, alteast net t.o.f. us eigen Fryske wêzen, of oars sein, wy sjogge 8-88 as in grut gefaar foar de Fryske kultuer. Ja, dan noch wat. Foar my leit it stembiljet voor jongeren van de 2de kamerfierkiezingen" Gehouden in het klubhuis 8-88 op woensdag 21iîBei 1986. Ja, hiel utsonderlik, op him sels net ferkeard. De PvdA pakt 75$ fan de stimmen. Lokwinske Visser, jim sitte foar de takomst op roazen. M JJ

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1986 | | pagina 12