Agindapunt 8. Utstelnûmmer: 86/146. Underwerp: Kredyt foar de oanskaf fan in snoeiapparaat op luchtdruk. Stiens, 10 desimber 1986 Oan de gemeenteried Yn de mearjierreroaiing is in post opnommen fan f 17.000,-- foar de oan skaf fan it boppesteande apparaat. Sa't yn de taljochting op dy post op- murken is, kin mei sa'n helpmiddel in gruttere produksje behelle wurde. Boppedat jouwt it mear feilichheid foar de wurknimmers foaral by it hege wurk. It measte snoeiwurk moat yn de betide maaitiid syn beslach krije. Wy stelle derom ut no in kredyt beskikber te stellen foar de oanskaf fan dit apparaat. Dit bestiet ut in kompressor mei benzinemotor, montearre op in twatsjillich ûnderstel, werop ek twa slangehaspels pleatst wurde. By de stikken leit op besjen de ûtbrochte offerte en it advys fan de direk- teur gemeentewurken Wy stelle foar in kredyt fan f 17.000,beskikber te stellen foar de oanskaf fan it boppeneamde apparaat. Boargemaster en wethâlders van Ljouwerteradiel, de siktaris. de boargemaster, J.P.v.d.KOOI H. BOSCHMA

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1986 | | pagina 165